Dit amendement verzekert voor een deel de situatie, vermindert risico's en kan nog een kans ge ven op een betere ontwikkeling voor Grou (Halbertsma). De hear Zijlstra (CDA): It is miskien no noch wat 'wishfull thinking'. It soe moai wêze dat der in keaper foar de grûn komt. Der moatte noch wol wat punten útsocht wurde (de 'adders' dêr't de hear Hofstra op doelde). Wethâlder Minkes: Men is op dit momint oan it buerten. Der is in iepen kommunikaasje mei Hal bertsma. De hear Hemminga (GB): Neffens de direkteur is troch de gemeente mei har net oer Grou-Noard praat. Wethâlder Minkes: Der hawwe wol kontakten mei it bedriuw west. De FNP soe wat mear fisy sjen litte moatte. De hear Seldenrust (FNP): Dan moat it kolleezje wol mei in deeglik plan komme. Wethâlder Minkes: Der hat in wenningferlet-ûndersyk west. Grou hat yn it streekplan in sintrum- funksje en dêrom moat men foar de takomst plannen meitsje. De huzen dy't no boud wurde komme fuort út de plannen fan foar 2010. De knipepunten binne ek goed oanjûn. De miljeusône- aring krijt omtinken. It sifer fan 30% sosjale wenningbou is in 'richtgetal' en de praktyk sil útwize moatte oft dat sa stean bliuwe moat. As der in partij komt mei in grutte ponge jild en as men as gemeente de rezjy hâlde kin, dan stiet de gemeente dêrfoar iepen. Mefrou Dekker (PvdA): De wethâlder seit dus ta dat de saken yn it amendemint meinommen wurde. It kinne no lykwols gjin betingsten wêze foar it ferlienen fan it kredyt. De hear Van der Meer (GB): Is het mogelijk dat men op de hoogte gehouden wordt van de verde re besprekingen en ontwikkelingen? Wethâlder Minkes: De ried wurdt op 'e hichte hélden fan de Ontwikkelingen fan it plan. It punt fan de kontinginten freget wol in wize fan linich ûnderhanneljen mei de provinsje. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): De FNP stiet net negatyf yn it libben lykas de wethâlder foarkomme lit te wol. Men wol graach posityf meitinke. It is yn de grûnkommisje bepraat en der sitte noch al wat heakken en eagen oan. Wat binne de konsekwinsjes foar de lettere kontinginten? Der leit net in ûndersyk nei it ferlet fan wetterwenningen Onder. It ambysjenivo wurdt wer oanjakkere om fi- nansjele redenen. Dat giet de FNP yn dit stadium fierstente fier. Wethâlder Minkes: De FNP stiet der blykber wat oars yn. 'Life is a gamble'. Men moat net fanút in definsive hâlding de merk opgean. De hear Seldenrust (FNP): De FNP wol it amendemint fan GB stypje. De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA is derop tsjin. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is posityf ynsteld, mar is tsjin it amendemint. De hear Bouma (VVD): De VVD kin der ek net mei ynstimme. Pagina 15 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/1 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 17