De hear Van der Meer (GB): GB trekt het amendement terug. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. Het voorstel wordt met 12 stemmen(VVD, PvdA, CDA) voor en 4 stemmen(GB, FNP) tegen aangenomen. De foarsitter: Stelt voor om eerst naar de A-stukken (4.10 tot en met 4.13) over te gaan en dan de punten 4.8 en 4.9 te bespreken. De raad stemt hiermee in. 4.6 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijsteilingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleatsen fan in lânboubrêge oer de Sneker Oudvaart Dit punt is nei de gearkomste fan 8 jannewaris ferskood. 4.7 Foarstel om net mei te wurkjen oan it frijsteilingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleatsen fan in skiphûs op it perseel Wjitteringswei 1b te Jirnsum Dit punt is nei de gearkomste fan 8 jannewaris ferskood. 4.8 Foarstel om útfieringskrediten beskikber te stellen foar de lokaasjes fan de Brede Scholen te Grou en Akkrum De hear Vellinga (PvdA): Men is net gelokkich mei de wize fan ynformearjen oer de brede skoalle. Der soe sa folie mooglik ynformaasje komme. Dat hâldt lykwols net oer. It kolleezje soe de ried alle moannen op 'e hichte stelle moatte fan de fuortgong, eventueel yn in sletten gearkomste. Men kin op dit momint de brief fan it kolleezje as ynfo besjen. Oars soe der in ferkeard sinjaal nei de partisipanten gean en de PvdA wol it projekt net yn gefaar bringe. De hear Seldenrust (FNP): Der wie ferûntresting oer mooglike wentebou. Der stiet yn it foarstel dat men útfieringskrediten hawwe wol foar it bouryp meitsjen fan de lokaasjes. Under de kantte kening stiet dúdlik 'De hogere kosten voor het onderdeel verwervingen zal gecompenseerd wor den door optimalisatie van de kosten voor het woonrijp maken van de locaties dan wel door de hogere inbreng waarde van de gronden in rekening te brengen bij Corporatieholding Friesland'. It is allegearre net sa dúdlik. Itselde stiet ek nochris ûnder de útfiering 'In een tweede fase zullen de locaties ook woonrijp gemaakt moeten worden'. Is der al sicht op it kredyt? De hear Bouma (VVD): Der steane wer de nedige 'mitsen en maren' yn de brief. Men soe better ynformeard wurde moatte. De VVD wol de fuortgong lykwols net frustrearje. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje is bliid dat de ried de fuortgong net yn de wei stean wol. Hy seit ta dat de ried alle moannen ynformearre wurdt. Mei 'woonrijp maken' wurdt bedoeld dat it terrein ophege wurdt en fierder klear makke wurdt foar de bou fan de skoallen. De hear Seldenrust (FNP): De ynwenners wurde mei sokke teksten oerfallen en op de ferkearde foet set. Yn de takomst soe men better nei sokke formulearringen sjen moatte. Wethâlder Van der Meulen: Der binne yndikaasjes oer de krediten. Hy kin noch net de eksakte bedraggen neame. Dy kinne yn de moanlikse rapportaazjes opnommen wurde. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.9 Foarstel kontraktferlinging ynhier tredden By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. Pagina 16 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 18