De gemeente hat in finansjeel tekoart troch wanbelied, sa skriuwt de Ljouwerter Krante. Om dat tekoart lytser te meitsjen soene de OZB-jilden ferhege wurde moatte mei 20 prosint. It is beskamsum sa't guon dizze ferhegingen omearmje. Op 4 desimber, de dei foar Sinteklaas, ha ik my besaud oer de bernige diskusje, hjir yn de ried, oangeande de 20 prosint ferheging. Benammen de hautaine wize fan praten oer dizze ferheging wie stuitend. De ferheging waard, as wie der neat te réden, fuortsifere. Mar it giet fansels net allinnich om dizze 20 prosint. Ek de ferheging fan hier, rinte, gas, elektrisi- teit en oare saken spylje hjirby in rol. Net elkenien hat in eigen hûs Mar ek ûnder dizze minsken, dy't sunich libje en wat oersparre ha, binne der mei in eigen hûs.. Op achteleaze wize waard efkes berekkene dat 20 prosint ferheging mar 35,60 euro is en oer 8 terminen soe dat mar op 4,22 euro útkomme. Dernei wurd dit ferhaal nochris súntsjes oer dynt yn de krante. Dizze ûndermaatske berekkenin- gen soargje by dizze minsken foar in protte ergernis. Jo gean dêrby efkes nonsjalant oer de régen hinne fan minsken dy't alle dagen weroan rekkenje moatte om rûn te kommen. Minsken die echt rekkenje. Kolleezje en ried hawwe seis jierrenlang neilitten om te rekkenjen wêrtroch in protte jild fergriemd is. No sille jo dizze minsken efkes belearend foarhâlde dat 35,60 dield troch 8 útkomt op mar 4,22. Neffens it riedslid Gerbrandy kin der lykwols noch wol omraak Sint Piter fierd wurde, want sa sk- reaun er €35,60 dield troch 8 is ommers mar 4, 22. It gemeentlike kapitaal is ferkwânsele omdat der noait rekkene is en no sil hjirwei eefkes foarrek- kene wurde oan dizze misken dat 20% ferheging mar 35,60 8 op 4,22 útkomt. Net ien fan de ried hat, dizze kear, tsjin de ûnfatsoenlike utering protestearre. In algemien ekskús soe op syn minst op syn plak wêze. It liket nergens op wat hjir bard is. Ik winskje jim (kolleezje en ried) in goede kryst mei krystpakket en wille. Foar dizze ynwenners fielt 35,60 dield troch 8 no folie swierder as 4,22. 4,22 - 4,22 - 4,22 J. Galama Pagina 21 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 23