Nûmer 1 Mefrou Veldstra (FNP): Der leit in hiel moai stik fan de evaluaasje fan de rekkenkeamers fan de provinsje en de gemeenten. Sy soe graach wolle dat de rekkenkeamer fan de gemeente dêrfan op 'e hichte brocht wurdt. De foarsitter: Zij zal daar voor zorgen. De brief van de heer Hemminga wordt als agendapunt 2.5 opgenomen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: It kolleezje hat de oerienkomst foar it Sintrum foar de Keunsten fêststeld. Men krijt noch skriftlike ynformaasje. De budzjetoerienkomst wurdt yn 2008 omboud ta in pres- taasjekontrakt. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. 2.2 Foarstel om de oplossingsrjochting BTW-problematyk sportferpleatsing Grou foar kundskip oan te nimmen De hear Van der Meer (GB): In het verleden heeft de btw wel eens tot problemen geleid. Hoe zit het met het risico? De hear Bouma (VVD): Hy hat deselde fraach. It is spitich dat de presintaasje dizze jûn net plak- fine kin. Wethâlder De Vries: Dat hie er ek graach dwaan wollen. Mar dat koe net op in goede wize op dizze jûn pland wurde. De belestingtsjinst sjocht mei en advisearret en foar de btw-komponint rint de gemeente neffens him dan ek gjin risiko. 2.3 Foarstel om de gearkomstestikken fan de Bestjoerskommisje lepenbier Basisûn- derwiis Boarnsterhim foar kundskip oan te nimmen Mefrou Veldstra (FNP): Men is yn oerlis mei de wethâlder, û.o. oer de breidskat. Kin de wethâlder dêr nochris ynformaasje oer jaan? Wethâlder Van der Meulen: It trajekt is noch mar krekt opstart. As der wat mear bekend is, sil er de ried ynformearje. 2.4 Foarstel om de Jierstikken 2006 fan de Milieuadviesdienst foar kundskip oan te nimmen Gjin fragen of opmerkingen. 2.5 De brief fan de hear Hemminga De hear Hemminga (GB): De Ljouwerter Krante neamde foar de gemeente de artikel 12 status en dêrom hat GB fragen steld. It die bliken dat de krante net krekt de stân fan saken werjûn hie. Der hat in ûnderhâld west mei de deputearre en dat wie ferhelderjend. Hy soe graach heare wolle wat de wethâlder fan finânsjes fan it oerlis mei de deputearre fynt. Hoe moat de ried omgean mei de begrutting en de ynvestearrings? Neffens de wethâlder soe de ried allinne oer it fytspaad praat hawwe. Men hat lykwols wol oer de begrutting praat. It fytspaad wie dêryn in apart punt dat wat mear aksint krigen hat. Pagina 2 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4