Mefrou Dekker (PvdA): It giet no oer de brief fan GB. It kolleezje soe earst antwurd opde fragen út de brief jaan moatte. De hear Gerbrandij (CDA): GB kin better in oare krante léze. Wethâlder Van der Meulen: De ried hat mei de deputearre praat en hy wie der net by. De depute- arre hat dêr útlis oan de ried jûn. Mefrou Dekker (PvdA): De ried woe de portefúljehâlder fan finânsjes net by it petear mei de de putearre hawwe en dêrom fynt sy it net korrekt dat men de wethâlder op dizze wize no fragen stelt. De hear Seldenrust (FNP): Lit de wethâlder mar antwurden jaan op de fragen fan GB. De hear Bouma (VVD): Slút him dêrby oan. De hear Gerbrandij (CDA): Hy woe as fraksjefoarsitter de wethâlder wol by it petear hawwe. Hy fynt dat mefrou Dekker gelyk hat. De hear Hemminga (GB): Hy ferwachtet op syn minst in antwurd fan it kolleezje op de fragen. De foarsitter: Het gaat dan om de vragen zoals GB die in de brief gesteld heeft. Wethâlder Van der Meulen: Der is al antwurd jûn op in tal saken troch de gemeentesekretaris, benammen oangeande artikel 12. It spitst him fierder ta op de fragen 7, 8, en 9. It petear hat plakfûn oan de ein fan oktober. De deputearre kaam mei in yndikaasje dat men ûnder tafersjoch komme soe. Tusken ein oktober en no hat de diskusje him benammen rjochte op it fytspaad. Wat bedoelt men mei punt 8? De hear Hemminga (GB): De ried soe mar wat útjaan en de ried soe gjin besef hawwe fan de fi nansjele problemen. Wêr hat de deputearre dy ynformaasje wei? Hy wit op grûn fan it petear mei de deputearre no dat hy dat blykber foar it grutste part út de parse helle hat. Wethâlder Van der Meulen: De provinsje kin har op ferskillenden wizen har ynformeare litte (ra dio, krante, ferslaggen). Der hawwe tuskentiids gjin kontakten west tusken him en de deputearre yn de léste moannen. It kolleezje hat earder sein dat it wol foar in grut part oer it fytspaad gie en dat dêrtroch oare sa- ken lizzen bleaunen. It kolleezje woe earst ek it fytspaad der bûten hâlde. De ried tocht der lyk- wols oars oer. Mefrou Dekker (PvdA): It petear mei de deputearre hat tige ferhelderjend west. De Ljouwerter Krante hat har húswurk dit kear net goed dien. De hear Hemminga (GB): De deputearre soe de meidieling dien hawwe dat men ûnder tafersjoch komme soe. Hy soe dêr wat mear helderheid oer hawwe wolle. Wethâlder Van der Meulen: Dat wie op it momint fan it petear ein oktober. Op basis fan de jier- rekken 2006 hat de provinsje nei de finansjele posysje fan de gemeente sjoen. As it sa trochgean soe dan soe de gemeente Onder tafersjoch komme. Der wie by it kolleezje noch de hoop dat men O.o. troch de taskforce noch genôch middelen op it kleed krije koe. Dat is lykwols net bard. Pagina 3 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5