De hear Hemminga (GB): Der komt previntyf tafersjoch by it tredde jier mei in negatyf saldo. En der binne noch mear objektive kritearia. Dêr foldie de gemeente net oan en men koe it wol op ien hân neitelle dat it tafersjoch komme soe. Dat previntyf tafersjoch koe men dan ek net út de wei gean. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje tocht dêr wat nuânsearder oer. As men de reserves op in goede wize opkrikke kind hie en as men de begrutting foar 2008 en letter rûn krige hie dan hie men it tafersjoch foarkomme kinnen. De hear Van der Meer (GB): Artikel 1 2 is niet genoemd. Is er binnen het college de optie geweest om dit te noemen? Wethâlder Van der Meulen: Dan moat de situaasje sa earnstich wêze dat men seis gjin inkelde mooglikheid mear sjocht. It kolleezje tinkt dat men it seis oplosse kin sûnder substansjele bydra- gen fan tredden. De hear Bouma (VVD): Is de léste wol reëel? De provinsje biedt dochs help oan? De wethâlder stelt it neffens him fierstente posityf foar. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat it oer de bydragen út it gemeentefûns. Men is yn petear mei de provinsje oer oare saken en men hat noch in wei te gean. Provinsje en gemeente hawwe noch in tal winsken en hy hat it fertrouwen dat men der wol útkomt. 2.6 Ynterpellaasje fan de FNP Mefrou Veldstra (FNP): De ynterpellaasje is nei oanlieding fan de parsekonferinsje fan 7 desimber. Men moast as ried de ynformaasje krije fia de parse. Wylst it kolleezje de foarige jûn de ried dat meidiele kinnen hie. De folsleine ried koe dat net wurdearje. Ek yn de riedsgearkomste fan 4 desimber hat de FNP frege nei de stân fan saken oangeande it tafersjoch. Men hie op syn minst op 6 of 8 desimber skriftlike ynformaasje hawwe moatten. Wannear kaam it kolleezje op 'e hich- te fan oanlieding, ynhâld en strekking fan de meidielings fan de deputearre op de parsegearkom- te? Wat tinkt it kolleezje seis fan dy meidieling? Kin it kolleezje oanjaan wat dizze meidielings foar de gemeenteried betsjutte as it giet om it útoefenjen fan it budzjetrjocht en har rol by it finansjeel tafersjoch troch de provinsje? Wethâlder Van der Meulen: Formeel sjoen is it kolleezje net op 'e hichte steld fan de ynhâld fan de parsekonferinsje. Begjin novimber hat it kolleezje al oanjûn dat der kâns op tafersjoch wie. Nei de parsekonferinsje is de formele befêstiging per brief kommen. It kolleezje is net fleurich fan it tafersjoch. Oer bepaalde wetsartikelen besteane noch wat ynterpretaasjeferskillen. Men sil kon- takt opnimme mei de tafersjochhâlder om mear dúdlikheid te krijen. Men wit noch net hoe't men eksakt ûnder it tafersjoch komt en wat de foarwearden binne. As dat dúdlik is (wierskynlik foar de ein fan it jier), sil de ried dêroer ynformeard wurde. Mefrou Veldstra (FNP): It soe noch net allegearre dúdlik wêze. Krijt men dêroer noch ynformaasje yn dit jier? Wethâlder Van der Meulen: Dêr giet er wol fanút, yn alle gefallen yn de earste wike fan jannewa- Mefrou Veldstra (FNP): Wat foar konsekwinsjes hat dat foar de gemeenteried? Mefrou Dekker (PvdA): Fynt dit in oerstallige fraach omdat de deputearre dat al oan de ried útlein hat. Pagina 4 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6