Wethâlder Van der Meulen: Wetter is 'hot'. Der is neffens him yn it begjin in protte yn de romte praat. Dat is letter op in goede wize bysteld. De eksakte ynfolling sil noch weromkomme. De wetterkwaliteit is foar in gemeente as Boarnsterhim tige wichtich. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): Der komt hast oeral stienslach by de oevers. Dat is dan yn tsjinstelling ta wat yn it stik stiet. De realiteit is dus wat oars. Wethâlder Van der Meulen: Men kiest hjir en dêr foar in hurde oever. Men wol lykwols wol ta op mear natuerfreonlike oevers. De hear Bouma (VVD): Men hie natuerfreonlike oevers en men sjocht rûnom dat der foar in hurde oever keazen wurdt. Wat foar wearde hat it stik dan? Wethâlder Van der Meulen: Men kiest yn de polityk soms ek foar de goedkeapste oplossing en dat is in hurde oanklaaiïng. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om In tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje fan de Brede School te Grou De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.6 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje fan de Brede School te Ak- krum De foarsitter: As A-stik nei de ried. Foar de oergong nei it beslútformjende part is der in koart skoft. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunt 4.2 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel oangeande de "Adviesnota KRW/WB21 Schoon en gezond water in Noord- Nederland" De hear Bouma (VVD): De VVD hechtet net folie wearde oan it stik en is dêrom tsjin. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. De VVD wil geacht worden tegengestemd te hebben. 4.3 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje fan de Brede School te Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje fan de Brede School te Ak- krum De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleat- sen fan in lânboubrêge oer de Sneker Oudvaart Mefrou Meinderts (CDA): It CDA kin net mei foarstel ynstimme. It jout in presedintwurking en it iepen lânskip komt troch de hichte fan de brêge yn it geding. De doarpen yn de Legean hawwe der gjin belang by. It is foar sylboaten in ferbiningsfeart. Pagina 8 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10