Men hat in brief krige fan bewenners út Sibrandabuorren. It CDA is wol foar lânbou-ûntwikkeling. Der binne lykwols alternativen. Yn febrewaris 2008 wurdt der starten mei it projekt kavelruil yn Fryslân en der is ek noch de opsje fan in rolbrêge. Sy fynt it argumint wat bryk dat de Snitser Aldfeart wat better op de kaart komt te stean troch it sichtbere elemint fan in brêge. De hear Van der Sluis (VVD): De brêge past yn it bestimmingsplan. De brêge wurdt ek 30 sm heger oanlein as foarskreaun. It skeelt ek tige yn it swiere agraryske ferkear troch de doarpen. Der komt wol in ferkaveling, mar dan moat der wol lân wêze om te ruiljen en oars kin sa'n boer der neat mei. De VVD is foar de ferliening fan de fergunning. Hy wit net wat in rolbrêge kostet. De hear Zijlstra (CDA): Soe men dat net oan de ûndernimmer foarlizze kinne? De hear Van der Sluis (VVD): Op it momint leit der in oanfraach foar in oare brêge en dêr hat er syn miening oer jûn. De hear Hemminga (GB): GB kin ynstimme mei it foarstel. It skeelt in protte ferkear yn de doar pen. Der komme ek net safolle sylboaten troch de feart. De hear De Visser (PvdA): It is fansels wol in farrûte. De mearkosten foar in rolbrêge binne 75.000 euro. De brêge wurdt al 30 sm heger oanlein as neffens de foarskriften fan it Fryske Marreprojekt. Men soe de suggestje meinimme kinne om de brêge op te nimmen yn in kuierpaad. De hear Riemersma (FNP): Spitigernôch hie hy no krekt in fraach oan de wethâlder. De wethêlder hat sein dat men der bestimmingplantechnysk gjin beswier tsjin hawwe koe. Dêr hie er wol wat útlis oer hawwe wollen. De FNP wie der foar en is der noch foar en it mindere ferkear troch de doarpen hat dêrby de tro- chslach jûn. Hy fynt de suggestje fan it opnimmen fan de brêge yn it kuierpaad tige sympatyk. De foarsitter: Vraagt of men elkaar nog wil bevragen. Dat blijkt niet het geval te zijn. Er wordt conform het voorstel besloten. Alleen de fractie van het CDA wil geacht worden tegen te zijn. 4.6 Foarstel om net mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it ple- atsen fan in skiphûs op it perseel Wjitteringswei 1b te Jirnsum De hear Riemersma (FNP): De FNP hat yn it mieningsfoarmjende diel al sein dat men wol meiwur- king ferliene wol oan it fersyk. De sichtlinen op de Boarn wurde net sa bot oantaast. It bestim mingsplan is net mear by de tiid. Men moat wol de realiteit foar eagen hélde. Der steane al 30 skiphuzen. De buorman wurdt troch it skiphûs behindere yn it yn- en útfarren fan syn lisplak. Der stiet al in legale 'aanvaringsbeveiliging'. Der feroaret yn wêzen lykwols neat. Beide partijen mochten it wetter brûke. Aqualuxe hat har rjochten ferspile omdat men net oan in oerienkomst oer dat wetter meiwurkje woe. De FNP is dus tsjin it foarstel. De hear Zijlstra (CDA): De toeristen soenen wol 100 m fierderop stean gean kinne en de FNP hat ynstimd mei in brêge yn it iepen lânskip. Hat de FNP net safolle each mear foar it lânskip? Hoe sit it dan mei de golfbaan? De hear Riemersma (FNP): Der steane al hiel wat skiphuzen. De sichtline op de Boarn wurdt op dat plak net bot fersteurd. As der beamkes komme, is it sicht ek fuort. Mefrou Esser (PvdA): Men kin der op twa wizen tsjinoan sjen. Der stiet al hiel wat en dan kin der dus wol wat by. Of dat it ien fan de léste plakjes is dêr't men noch sicht hat op de Boarn en dat men dat behâlde moat. Pagina 9 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11