lt argumint is brûkt dat it in yndustryterrein is en dat der earder foar de skiphuzen frijstelling ferli- end is. Sy fynt it net in goede saak om no wer frijstelling te ferlienen dy't in pûst makket op dat plak. Der stiet ek gauris in skiphûs te keap. Der binne regels, lykas oer de ôfstân fan 5 m, dy't ek yn moderne bestimmingsplannen foarkomme. As men dêrfan ôfstapt, kin dat op oare plakken swierrichheden jaan. Wannear wurdt it plan wersjoen? Der sil yn it ramt fan de artikel 19 prose- duere in romtelike Onderbouwing komme moatte en sy tinkt net dat de provinsje der mei ynstim- me sil. It soe de gemeente dan ek in protte wurk besparje kinne. De mearderheid fan de fraksje fan de PvdA is foar it foarstel. De hear Seldenrust (FNP): Mefrou Esser 'tinkt'. Hat sy kontakt hân mei de provinsje? Mefrou Esser (PvdA): Yn it streekplan stiet dat de romtelike kwaliteit hiel wichtich is. De hear Riemersma (FNP): As men der beammen foar set dan is de sichtline ek fuort. Mefrou Esser (PvdA): Sy sjocht leaver tsjin beammen oan as tsjin it skiphûs. De hear Hemminga (GB): It giet hjir yn wêzen om in yndustryterrein. Der is ek al ôfwykt fan it bestimmingsplan mei de eardere skiphuzen. GB wol dan ek frijstelling ferliene. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it iens mei GB en de FNP. As men in eintsje fierder rydt dan hat men rom sicht op it wetter. It giet mar om in lyts stikje. It giet ek om in yndustryterrein en dêr jildt it argumint fan de romtlike kwaliteit net. De VVD wol dus de frijstelling wol ferliene. De hear Van der Woude (PvdA): Binnen de PvdA-fraksje binne de mieningen ferdield. It giet om in hiel âld bestimmingsplan. Yn in modern bestimmingsplan hie de bestimming skiphuzen der west. Binnen sa n bestimmingsplan binne frijstellingsmooglikheden oangeande de perseelsgrins. Om planologyske redenen is dus de minderheid fan de fraksje it net iens mei it foarstel fan it kollee- zje. Mefrou Esser (PvdA): De ôfstân ta de perseelsgrins is minder dan 2,5 m. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. Het voorstel wordt met 6 stemmen voor Esser, Gerbrandij, de Jong, Meinderts, Vellinga, de Visser) en 9 stemmen tegen Bouma, Dekker, Hemminga, Riemersma, Seldenrust, v.d. Sluis, Veldstra, v.d. Woude, Zijlstra) verworpen. 4.7 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Seldenrust (FNP): Hy hie yn desimber f ragen oer it bedriuweterrein yn Reduzum stelle wollen. Hy hie tasein dat er de fragen skriftlik takomme litte soe oan de wethâlder, mar hy hat dêr úteinlik fan ôfsjoen. Wat is de stân fan saken fan de oanfraach? Men hat letter heard dat der in oanfraach fan 8 wiken ferlinging foar de oanfraach lei. Wêrom is de ried dêrfan net op 'e hichte steld? Wethâlder Minkes: Sy hie fan de FNP in brief ferwachte en dan hie sy it beäntwurdzje kinnen. Men wie ta de konklúzje kommen dat it ferstannich wêze soe om by de provinsje om in bestjoer- lik pre-advys te freegjen. Op 20 novimber binne de stikken nei de provinsje opstjoerd en dy hopet ein jannewaris mei in advys te kommen. Der spylje terminen binnen de Algemene Wet Bestuurs recht. It is in formele saak dat men it 8 wiken opskoot. De inisjatyfnimmers binne dêrfan op 'e hichte. De hear Seldenrust (FNP): It hie better west dat de ried ek op 'e hichte steld wie fan dizze saak, want dan hie men in protte kommoasje foarkomme kinnen. Pagina 10 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12