Wethâlder Minkes: lt is gjin nijs foar de minsken yn Reduzum. It ferwyt dat sy de kommoasje feroarsake hat, fynt sy dan ek net terjochte. De hear Seldenrust (FNP): Men soe yn gearwurking mei in kommisje yn Friens komme ta in plan foar in boartersfjild. PB wie hiel optein oer de saak. It giet lykwols fermoedlik net troch omdat de wethâlder net tasizze kin dat der op it fjild nea boud wurde sil. It soe tige spitich wêze as it net trochgean kin. Wethâlder De Vries: Men hat der in protte enerzjy yn stutsen om it boartersfjildsje dêr te krijen. Der waarden lykwols betingsten oan de ferkeap fan de grûn ferbûn. Dêr kin de gemeente lykwols net oan foldwaan en dat wie foar elkenien dúdlik. Doe hat men oer in oar plan neitocht en oer dy konstruksje wurdt noch praat. Fia Plattelânsprojekten en fia de pot rekreative foarsjennings kin men oer in moaie subsydzje beskikke. It boek is dus noch net ticht. Mefrou Veldstra (FNP): Men hat in Op 'e Flichte-special krige mei ynformaasje oer it Wetterfront Grou. Dat gie ek oer de ferpleatsing fan it rûnfeartbedriuw. Men die alle war om ta in oplossing te kommen. Wat is de stân fan saken? Wethâlder De Vries: Men hie hope op in oplossing. Men is yn petear mei de ûndernimmer oer in alternative lokaasje. De ûndernimmer ferbynt deroan bepaalde betingsten. Dy moatte noch ûn- dersocht wurde. Der is wol sekerheid foar de ûndernimmer dat it bedriuw in frij lange perioade op dat plak bliuwe kin. It bedriuw kin der net lykwols net yn meigean. Der is dizze dei in brief nei de ûndernimmer gien dat it net oars kin. Alle mooglikheden, ek foar in twadde lokaasje, hat men oanjûn. Men moat tongersdei (10 jannewaris) dúdlikheid hawwe en oars sil men de juridyske mooglikheden ûndersykje moatte. De ried sil skriftlik oer de fuortgong ynformeard wurde. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA hie deselde fragen oer it bedriuweterrein yn Reduzum as de FNP. De ûndernimmers wolle graach witte hoe fier oft it is. Binne de ûndernimmers op 'e hichte fan de ferlinging mei 8 wike? Wethâlder Minkes: Der hat regelmjittich oerlis west en alle stappen binne ynsichtlik. In bestjoerli- ke pre-toets hâldt ek yn oft der ea in bedriuweterrein by Reduzum komme kin. 4.8 Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 22.40 uur. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 5 febrewaris 2008 i snsel mr.P.Schadd-deBoer defoarsitter, Pagina 11 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13