Wethâlder Minkes: Warstiens is oanwiisd troch de Rijksmonumentendienst as beskermd doarp. Wethâlder Van der Meulen: Der soe op dizze dei oerlis wêze tusken provinsje en gemeente oer it tafersjoch. It is troch de provinsje ôfsein en it petear sil no nije wike plakfine. Sagau as men hel derheid fan de provinsje hat, sil de ried ynformeard wurde. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. 2.2 Foarstel oangeande de Romtlike visie Grou Wergeasterfeart ynpassing rekreaasjearken Mefrou Meinderts (CDA): Der is yllegaal en legaal boud. Is it te rimen mei in 'eenduidig' toet singskader? De hear Riemersma (FNP): De notysje oer it ynimmen fan in liswâl foar wenarken jildt net foar dizze arken. It is wol frjemd dat in bepaald part fan de gemeente oars behannele wurdt as de rest. Wurdt de notitie 'het innemen van een ligoever voor een recreatief woonschip' dan fan in apart haadstik foarsjoen? De hear Van der Sluis (VVD): It giet oer artikel 15 en oer 19, lid 3. Wat hâldt dat foar it tydferskil yn? Wethâlder Minkes: By artikel 1 5 hat men te meitsjen mei in koartere proseduere. De arken hienen ferwurven rjochten. It hat te meitsjen mei de SteandeMêstrûte. It jildt dan ek allinne foar dizze arken en it wurdt in apart ûnderdiel fan de beliedsnotysje oer rekreative wenskippen. It is yndied in technysk ferhaal. It proses om de arken te ferpleatsen ferrûn tige lestich. De Ste- ande Mêst-rûte kin troch de foarstelde maatregel fierder trochgean. Mefrou Meinderts (CDA): Is dat wat yllegaal boud is mear as dat wat mocht? Wethâlder Minkes: As der in tal jierren oer ferrûn is (yllegale bou) dan hat de oerheid neat mear yn te bringen. De foarsitter: Geeft nog een toelichting op het cadeautje dat elk raadslid van een onbekende ge kregen heeft. Op het doosje staat dat de schatkist leeg is en in het doosje o.a. dat men 'op in houtsje bite moat'. Het past bij de ludieke acties waarmee men de afgelopen dagen verrast is. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 De hear Bruinsma sprekt yn op punt 3.3. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar it opwurdearjen fan de Dillesyl en de Tersoalstersyl De hear Vellinga (PvdA): Men moat in beslút nimme dat ôfwykt fan it prinsipe dat men earst it jild fertsjinje moat en dan pas útjaan. Wat foar sekerheid hat men foar de subsydzje en wannear komt it beslút fan it LNV en hoe stiet de tasichthâlder derfoar oer? De hear Hemminga (GB): De Dillesyl hearde yn de diskusje op 18 desimber by de posten Onder de streek. Wêrom is dat op 18 desimber net neamd wylst it kolleezje op 11 desimber al besletten hat om it foarstel sa yn te tsjinjen? No taast men de algemiene reserve wer oan. Pagina 3 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5