De hear Van der Sluis (VVD): Is it folslein mei dat léste iens. By it fytspaad Grou-Warten moasten de kosten oer it folsleine bedrach per jier tarekkene wurde en hjir net. Der wurdt neffens him dan ek mjitten mei twa maten. Men is it der wol mei iens dat men fuortdaliks de subsydzje ôfboekt. Sa hie it ek mei it fytspaad Leechlân dien wurde moatten. Yn wêzen is de VVD is mei it foarstel iens. Mefrou Veldstra (FNP): De Bangafeart, de Snitser Aldfeart en de Syltsjesleat binne yn it Frysk fêststelde wetternammmen. Wêrom binne dy hjir en yn Op 'e Hichte net brûkt? It wie in óf te weagjen post. Wêrom is it yn desimber net neamd? Wat fynt de provinsje derfan en wêrom kin it hjir wol op dizze wize en by it fytspaad net? Sy is benijd oft it dit jier (foar 1 maaie) wol slagget. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is akkoart mei it kredyt. It is heech nedich. Krijt men it foarstel werom as LNV it net goedkart? Hoe is de lânboubrêge (agindapunt 4.5) te rymjen mei dizze foar- stellen? It giet derom de farrekreaasje te ferbetterjen. Wethalder Van der Meulen: De subsydzje is wis. De provinsje stiet der garant foar. Formeel sjoen is it in óf te weagjen post, mar it wetterskip bepaalt wannear't der wat oan ûnderhâld dien wurde moat. De oanpak is ek tige nedich. Mei de subsydzje kin men it makliker drage. Hy kin him foarstelle dat men fragen hat wêrom't de finansiering hjir wol op dizze wize kin. Hy wol der by it beslútfoarmjende diel noch wol op weromkomme. It kin foar it farseizoen klear wê- ze. Hy sil nei de Fryske nammejouwing sjen. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Dit is neffens de metoade kreatyf boekhêlden. Men is no net konse- kwint. Wat is de beskikbere ynvestearingsromte? GB erkent op himsels de needsaak fan it ûnder- hâ'd. Mar dan wol GB de krekte prioriteitsstelling witte foar de list en wat it ynhâldt foar de al- gemiene reserve. De hear Van der Sluis (VVD): As it sa troch giet lykas it hjir stiet dan moat men ek in nije berek- kening sjen litte foar it fytspaad Grou-Warten. Hy wol de sekerheid hawwe dat men it foar dit bedrach útfiere kin en dat men it op tiid klear krije kin want de oannimmers sitte fol mei wurk. Mefrou Veldstra (FNP): Slút har by de foarige sprekkers oan. Binne alle amtners op 'e hichte fan de Fryske nammen? Sy referearret ek oan de opmerking fan de hear Van der Sluis dat it foar maaie klear wêze moat. Wat fynt de provinsje derfan? It is op himsels in goede saak dat der wat oan dien wurdt. Sy is benijd nei de definitive finansiering. Wethâlder Van der Meulen: Der wurdt by it definitive foarstel oandacht jûn oan de finansiering op de wize lykas de ried oanjout. Neffens him binne regulier ûnderhâld en gefaarlike situaasjes foar de provinsje gjin probleem. Dan kin ek it listke fan desimber oan de oarder steld wurde. De hear Van der Woude (PvdA): Men hie doe de streek set boppe de Diliesyl. Wethâlder Van der Meulen: It hat te meitsjen mei kontraktuele ferplichtings foar it wetterskip oer. Der hat oerlis west mei de oannimmers. Hy sil by it definitive stik de eksakte stân fan saken oan- jaan. De amtners soene witte moatte dat der Fryske wetternammen binne, mar it kolleezje sil dat no- chris ûnder harren oandacht bringe. Pagina 4 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6