De hear Van der Woude (PvdA): Kin men it noch dwaan trochdat men de ûnreplik saakbelesting mei 18% ferhege hat? Wethâlder Van der Meulen: Der wie neffens him noch wol wat romte, mar hy sil der nei sjen. De hear Van der Sluis (VVD): Wiist nochris op de winsk om inselde berekkening op it fytspaad los te litten. Wethâlder Van der Meulen: Hy sil it foarlizzende foarstel screene en it kolleezje sil it foarstel oan- passe nei konsistint belied. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om yn te stimmen mei it plan fan oanpak foar de wiziging fan it kapfergun- ningstelsel en om it sanksjebelied adekwater te meitsjen. Mefrou Veldstra (FNP): By de kanttekening stie dat de ynventarisaasje fan weardefolle beammen yn it bûtengebiet skrast wie. Der is no gelokkich lykwols in kanteling. De kapoanfragen sille werombrocht wurde fan 155 nei 15. En dat sil nei ferhâlding nei mear beswiereprosedueres liede. Mar men soe oars krekt minder beswiereprosedueres fiere. De ynsprekker hat in goed ferhaal hâlden. Krekt dy lytse nije beammen dy't foar de takomst weardefol wurde kinne, soene ek beskerme wurde moatte. It advys fan de ynsprekker om mei PB de saak te besjen soe sy opfolgje wolle. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA kin har fine yn it stik. Miskien kinne de PB-en derby belutsen wurde. De hear Bouma (VVD): De VVD hie tocht dat der folie minder regels komme soene. Hy kriget fan dit stik krekt in omkearde yndruk en is dan ek net sa botte entûsjast oer it stik. De hear Hemminga (GB): Hy kin him by dat léste oanslute. Men spant it hynder sa achter de wein troch it oantal sa út te wreidzjen. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat faak op de wiziging fan it kapfergunningstelsel oantrúnd. Sy krijt net it idee dat de administrative hannelingen no beheind wurde. It is wichtich der in goede beammestruktuer oerein bliuwt yn de gemeente. Der sille nochal wat kosten achter weikomme. It is taspitst op de kearnen, mar yn it bûtengebiet steane ek hiel bysûndere beammen. De ynsprekker hat terjochte wiisd op beammen dy't op en doer monumintaal wurde kinne. It kol leezje soe earst mei de PB-en om tafel sitte moatte en dan pas mei in foarstel komme moatte. Men kin der ek studinten by belûke. Sjoch ek ris by oare gemeenten hoe't men mei bepaalde sa- ken op dit mêd konfrontearre wurdt. Wethâlder Van der Meulen: In tal fragen fan earder wurdt no wer steld. It plan fan oanpak is ba- searre op de opmerkingen fan doedestiids. It kolleezje tinkt net dat de beammen dy't hast mo numintaal binne der ófgeane. Men soe nei in jier de saak evaluearje kinne. Men sil oandacht hélde foar de monumintale beammen en struktueren yn it bûtengebiet. Dy stea ne faak op gemeentlike grûn. PB-en soenen in wichtige rol spylje kinne by de ynventarisaasje. Men kin der ek oare ynstânsjes by belûke lykas it IVN. Dan hat der screening plakfdn en kin it kolleezje úteinlik mei in definityf foarstel komme. It kolleezje ferwachtet dat it tal beswieren yn abosolute ferhéldingen op en doer minder wurde sil. De hear Zijlstra (CDA): It sil dan ek sa wêze dat it kolleezje sa'n oanfraach ôfwiist. Pagina 5 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7