Wethâlder Van der Meulen: Yn ferhâlding sil it om mear saken gean as it om monumintale be- ammen giet. Mar de administrative lesten sille oer it totaal weromrinne. Mefrou Dekker (PvdA): Sy hie in fraach oer it bûtengebiet. Wethâlder Van der Meulen: Dêrfoar fynt de ynventarisaasje ek plak. Mefrou Dekker (PvdA): Dat kostet de gemeente mei alles wat der by heart dus neat? Wethâlder Van der Meulen: Men kin mei de ynventarisaasje binnen it budzjet bliuwe. De meiwur- kers moatte op in goede wize ynstrueard wurde. It hoecht gjin ekstra jild te kostjen. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): De wethâlder wol dus de PB-en dêrby belûke en dêrnei jout men foarm oan it belied. De hear Hemminga (GB): Is ek foar it belûken fan PB-en by de ynventarisaasje. Dan moat men ly- kwols wol oer goede kritearia beskikke kinne. It moat foar de partikulieren ek dúdlik wêze wat in weardefolle beam is. Mefrou Dekker (PvdA): Is der ynformeard by oare gemeenten? Wurde der studinten by belutsen? Hanthaving giet fierder as allinne it kontrolearjen oft beammen monumintaal binne. Der soe gjin herplantplicht wêze. Dat soe neffens har oars wol befoardere wurde moatte. De hear Zijlstra (CDA): De ynventarisaasje soe men op ynternet sette moatte want dan witte de minsken hokker beammen monumintaal binne. De hear Bouma (VVD): De VVD soe de ynventarisaasje beheine wolle ta de gemeentlike beam men. Wethâlder Van der Meulen: Men sil mei de PB-en de beammen ynventarisearje. Hy fynt dat men heldere kritearia oanjûn hat. It liket him in goed idee om op ynternet oan te jaan wêr't de monu mintale beammen steane. Hanthaving hat omtinken fan de gemeente en it moat troch de meiwurkers yn it fjild meinommen wurde. Oangeande de herplantplicht hat hy it idee dat de gemiddelde ynwenner wol each foar grien hat. Men sil ek sjen oft men studinten of oare ynstânsjes dêrby belûke kin. De ûnderfinings fan oare gemeenten hat men al meinommen. De hear De Visser (PvdA): Hy fynt it logysk dat men in útsûndering foar kultuerhistoaryske be ammen makket en dat it weardefol wêzen net útslutend jildt foar beammen dy't âlder binne as 40 jier. Wethâlder Van der Meulen: Hy sil dêr noch nei sjen en hy sil syn bést dwaan om dat foar de riedsgearkomste dúdlik foar eagen te hawwen. Mefrou Dekker (PvdA): De FNP woe it foarstel net op de aginda fan de riedsgearkomste sette, mar earst it oerlis mei de PB-en ôfwachtsje. Der wurdt dan in ynventarisaasje makke en dan kin it as beslútfoarmjend agindapunt foarlein wurde. De hear Seldenrust (FNP): Dat wie neffens him ek de strekking fan de wurden fan mefrou Dek ker. Pagina 6 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8