De foarsitter: Men zou het beleid nu kunnen vaststellen en daarna de PB-en erbij kunnen betrek ken voor de inventarisatie. Mefrou Dekker (PvdA): Oer ûnderdielen fan it stik soe PB Grou ek noch wol wat sizze wolle. Wethâlder Van der Meulen: Hy soe graach witte wolle wat foar punten de ried dan oars hawwe wol. PB Grou soe ek oanjaan kinne wat men eksakt oars hawwe wol. De foarsitter: Concludeert dat men dan voor 22 januari niet met een voorstel kan komen, omdat men eerst de reacties van de PB-en wil horen. Wethâlder Van der Meulen: Men hat inkeld fan PB Grou wat heard en PB Grou soe de ynformaas- je oan de riedsleden tastjoere kinne. De hear Hemminga (GB): GB is net sasear tsjin de ynhâldlike kant fan it foarstel, mar men wol witte hoe't de útwurking is op grûn fan it oerlis mei de PB-en en hoe't it finansjeel yn elkoar stekt. Wethâlder Van der Meulen: Jout oan dat men dan ekstra jild nedich hat foar it oerlis. Mefrou Dekker (PvdA): Fynt dat ûnsin. De mearderheid fan de ried sil oanjaan moatte hoe't men de oanpak sjen wol. De foarsitter: Vraagt wie met het voorstel van de heer Hemminga kan instemmen. Stelt vast de de meerderheid van de raad (het CDA is tegen) hiermee instemt. Er komt eerst overleg met de PB-en. In een later stadium komt het college met het voorstel terug. 3.4 Foarstel oangeande de "Adviesnota KRW/WB21 Schoon en gezond water in Noord- Nederland" Mefrou Esser (PvdA): De ried wurdt frege om yn te stimmen mei de ambysjes en de te nimmen maatregels.lt wetter moat fan in goede kwaliteit wêze. Stimt men allinne yn mei it proses en de algemiene maatregels of mei in spesifike oanpak foar Boarnsterhim? Dat léste sil ek kosten mei him meibringe en dér makket de PvdA har soargen oer mei it each op de finansjele posysje fan de gemeente. De hear Hemminga (GB): Der is sprake fan in gigantysk oerlissirkus. Men moat net in te heech ambysjenivo hawwe en men foldocht wol oan de ambysjes op grûn fan it fêststelde GRP. Hy sjocht it dan ek as in suver prosedureel foarstel. De hear Bouma (VVD): Hy kin him dêrby oanslute. Alles wat men mear dwaan wol as dat men no wol, kostet in protte jild. Hy referearret ek nochris oan de diskusje oer de riolearring yn de Alde Feanen. De hear Riemersma (FNP): Slút him oan by de fragen fan mefrou Esser. As men ambysjes hat dan hat men ek ferplichtings. Set dêrom sa min mooglik ambysjes op papier. Men mei wol mear dwaan as wat op papier stiet. De ferkearde sifers yn de notysje oer it Prinses Margrietkanaal jouwe foar him al oan wat de wearde fan it gehiel is. De hear Zijlstra (CDA): Hy tinkt dat de neamde ambysjes net te heech lizze. As de gemeente der mear troch betelje moat, dan leit de saak oars. Boarnsterhim kin troch de maatregels in prachtige gemeente wurde foar de sportfiskerij. Binnen it kostendekkende GRP wurde al goede saken dien. Pagina 7 1 03 Riedsferslach 8-1-2008/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9