De hear Bouma (VVD): Yn oktober wie it plak fan de wenningen minder dúdlik as no. De inisjaty- fnimmer hat alle fraksjes benadere foar in fierdere taljochting. Men moat de inisjatyfnimmer hel derheid jaan. Men kin dy dúdlikheid fia de moasje jaan. De hear Van der Woude (PvdA): Yn de earste presintaasje wienen der ek fakânsjehúskes. Yn prinsipe is der neffens him ynhâldlik neat feroare. De hear Bouma (VVD): Der is no in kompleet plan. Bring as kolleezje de gefoelens fan de ried dê- roer nei de ûndernimmer. De hear Van der Meer (GB): De motie van de FNP hield in dat de golfbaan daar per se niet toege staan is. Deze motie wil aangeven dat men de plannen van de initiatiefnemer daar niet ziet zitten. De hear Zijlstra (CDA): Men docht jinsels tekoart troch de moasje no yn te tsjinjen. Mei de MER krijt men mear ynformaasje op grûn wêrfan't men in beslút nimme kin. De hear Bouma (VVD): It plan fan de inisjatyfnimmer foldocht net oan it kader. De hear Zijlstra (CDA): It CDA wol de ûndernimmer net de kâns üntnimme om wat te Ontwikkelj- De hear Van der Meer (GB): Het is bedoeld als een advies aan de ondernemer. De hear Bouma (VVD): De VVD wol ûndernimmers gjin kânsen üntnimme. Men kin ek in moasje yntsjinje oer in golfbaan mei 40 wennings. De hear Zijlstra (CDA): Dat is te prematuer, want men wit noch net hoe't it der úteinlik út sjocht. De hear De Boer (PvdA): Men is oan de MER bûn. De PvdA wol de feiten sjen. It is wol dúdlik dat it swier kealje sil. De hear Bouma (VVD): De kaders binne goed steld en dêr is de MER net alhiel Ondergeskikt oan. De hear Zijlstra (CDA): Wiist derop dat men earst de feiten witte moat. De hear Riemersma (FNP): Hy heart dat sawol de PvdA en it CDA it benammen fan de MER ôf- hingje litte wolle. As de MER it wol tastiet, wolle dy partijen dan wol meiwurkje oan it plan mei dy húskes? De hear Zijlstra (CDA): Wiist derop dat der nei de MER ek noch in romtlike Onderbouwing komt. De hear Riemersma (FNP): Men lit de miening dêr dus fan ôfhingje? Men hat dus gjin miening fan tefoaren oer dy 50 huzen? De hear Zijlstra (CDA): Men moat earst de ynformaasje ôfwachtsje. De hear Van der Woude (PvdA): De vraag van de heer Riemersma is net zo prematuur als de voorliggende motie. De foarsitter: Brengt de motie in stemming. De motie wordt met 6 stemmen voor en 10 stemmen tegen verworpen. Pagina 8 1 03 Riedsferslach 5 febrewaris 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10