BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 5 febre- waris 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser en de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen en A.J. de Vries Fan de jongereinried: Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) Mei kundskip ôfwêzich: mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) 1. ALGE Ml EN 1.1 lepenje De foarsitter iepent de gearkomste en hyt elkenien wolkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De hear Hemminga (GB): Soe graach by de meidielings oer de brede skoalle in twadde termyn hawwe wolle. De foarsitter: Stelt vast dat met dat verzoek ingestemd wordt. De hear Bouma (VVD): De VVD hat in moasje oer de golfbaan. De foarsitter: Stelt vast dat het als agendapunt 4.5.1 opgenomen wordt. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 8 jannewaris 2008 De hear Riemersma (FNP): Op side 1 is de essinsje fan syn ferhaal net oerkommen. Der kin mei de wurden folstien wurde dat er by de brêge keazen hat foar alternatyf c. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Gjin fragen of opmerkingen. 1 03 Riedsferslach 5 febrewaris 2008/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 3