2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders - Brede skoallen (mûnling) Wethâlder Van der Meulen: De ried hie wat fragen steld oer de fuortgong fan de brede skoalle. It gie om in definityf foarlopich Ontwerp en de Ondertekening fan de kontrakten mei de partisipan- ten en de definitive oerienkomst mei Woon Friesland. Spitigernôch hat men net flugger ta in re sultaat komme kinnen. Mei 14 dagen wol it kolleezje fierder ynformearje oer de definitive ôfrûning fan it projekt. Mefrou Dekker (PvdA): It giet de PvdA-fraksje net hurd genôch. Men is nedich ta oan nije skoal len. It keallet swier. Men hat in petear hân mei in partisipant (STAJ). Dy makket har soargen oer de fuortgong. De Ongerêstens moat by har en oare partisipanten fuorthelle wurde. Wat bedoelt de wethâlder mei de ôfrûning fan it projekt? Binne de kontrakten dan mei Woon Friesland en de partisipanten Ondertekene? Der binne ek fragen oer de hierprizen. Der driget in grut gat te Ontstean tusken wat men earder betelle en wat no betelle wurde moat. Der soe sein wêze dat dy kosten troch de gemeente droe gen wurde sille. It eksploitaasjetekoart kin lykwols net struktureel yn de begrutting opnommen wurde. De hear Hemminga (GB): Slút him dêr foar it grutste part by oan. Is STAJ de iennige partisipant mei problemen? Moat de ambysjes oangeande it tal partisipanten ek bysteld wurde? Hoe sit it mei dy oare partisipanten? De hear Bouma (VVD): De VVD makket har ek soargen oer it tempo fan de fuortgong. De ferhe- ging fan de hierprizen jout noch in stik ûndúdlikheid foar de partisipanten. Der wie in âlde ôf- spraak mei in eardere bestjoerder oer it ferrekkenjen fan de hegere hierprizen.. De hear Gerbrandij (CDA): Is it ambysjenivo net te heech? Wethâlder Van der Meulen: De tuskenstap makket dúdlik wat de kosteferheging ynhâldt en oft der saken binne dêr't de gemeente oan hâlden wurde kin. By it totale oersjoch kin men sjen oft der mooglik in tekoart is. Mefrou Dekker (PvdA): Oer wat foar tekoart hat de wethâlder it? Sy fernuveret har ek oer de fraach fan de hear Gerbrandij. Wat bedoelt er dêrmei? De hear Gerbrandij (CDA): Krekt sa't er it frege hat. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol sa fluch mooglik de ynformaasje boppe wetter hawwe. Neffens it kolleezje is it ambysjenivo op dit momint net te heech. Men sil mei 14 dagen dúdlikheid krije wêr't men stiet yn it projekt. Dan is it projekt noch net ôfrûne. Men wit dan wol wat it koste hat en wat it noch kostje moat. Mefrou Dekker (PvdA): Wat is de deadline mei Woon Friesland en de oare partisipanten? Wethâlder Van der Meulen: Men wol ein maart it definitive byld oan de ried trochjaan. Dêr moat lykwols hurd oan wurke wurde. De hear Hemminga (GB): Wat hâlde de sletten foarlopige kontrakten yn? Wat foar eleminten soe- nen der dan eventueel wol f erf alle kinne? Pagina 2 1 03 Riedsferslach 5 febrewaris 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4