Wethâlder Van der Meulen: De ambysje fan it kolleezje is: sa breed mooglik. Men hat wol de oer- ienstimming fan twa partijen nedich. Dêr sil de ried ek noch wat fan fine moatte. It stribjen is om it kontrakt mei Woon Friesland ein maart klear te hawwen. It kolleezje sil sa gau mooglik kontakt sykje mei de partisipanten om de ûngerêstens wie te nimmen. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Sitte der deadlines oan de subsydzjes? Neffens him krijt men no wer in go-no-go-momint. De hear Seldenrust (FNP): Der is wer in protte net dúdlik. De FNP hat yn it ferline faak har soar- gen útsprutsen oer de gong fan saken fan de brede skoalle en dat mei de wethâlder him oanlûke. Mefrou Dekker (PvdA): Dat gefoel hat de PvdA net. It kolleezje wol de brede skoalle serieus oan- pakke. Der is in stjoergroep foarme en neffens har moat it goed komme. Sy hâldt fansels wol de finger oan de pols. Mar der moatte brede skoallen komme. Wethâlder Van der Meulen: Oangeande de subsydzjes. Sa lang't der gjin dekking is, wurdt der net boud. Op it momint fan oanbesteging moat der dus sekerheid wêze fan de subsydzje. Dêr wurdt ek alles op ynset. As men it net foar inoar krijt, dan wurde it net de 'sûnste' skoallen fan Nederlân. Under 'sûn' ferstiet er dat der yn finansjele sin in 'sûne' dekking wêze moat en dan kin dat oare 'sûne' ek realisearre wurde. As der substansjele wizigings binne dan komt it kolleezje dêrmei werom nei de ried. Dêrmei hat men in soart fan tusken go-or-not-go momint ynboud. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje wol alle 14 dagen ynformaasje oer de fuortgong fan sa- ken. Wethâlder Van der Meulen: Seit dat ta. Wethâlder De Vries: Oangeande de Himdykbrêge. Der is yndied in ferskil yn hichte tusken de Himdykbrêge en de (nije) Polsleatbrêge yn Akkrum. De 1.80m wurdt yn it ramt fan it Fryske Mar- reprojekt meinommen as sloephichte. De oare hichte wie troch de ried fêststeld op 1.50m. It kol leezje wol sjen hoe't men mei it ferskil yn hichte omgean moat en dêr sil de ried fierder fan heare. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2, 3.3 en 3.5 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om yn te stimmen mei de wiziging fan de mienskiplike regeling wurkfoarsjen- ningsskip Fryslân-West yn ferbân mei de nije Wet sosjale wurkfoarsjenning De hear De Jong (PvdA): Hij vond het bijgevoegde te veel van het goede. Men moet immers be sturen op hoofdlijnen. Het zou ook geactualiseerd moeten zijn. (De genoemde datum van o.a. 1 januari is al gepasseerd). De PvdA heeft op zich weinig problemen met de voorstellen. Er zouden nadere afspraken ge maakt worden over de informatievoorziening naar de raad. Is daar meer bekend van? De hear Hemminga (GB): De bedoeling is dat de ried wat mear by de saak belutsen wurdt. Hoe wurdt dat yn de praktyk brocht? De hear Zijlstra (CDA): It foarstel sjocht der deeglik út. It CDA kin mei it stik ynstimme. Pagina 3 1 03 Riedsferslach 5 febrewaris 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5