Wethâlder Minkes: Sy wol dat seker dwaan. Empatec is in goed draaiende organisaasje. Men kin in groep minsken in plak jaan dy't oars tusken wâl en skip bedarje. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om net mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de Wet op de Romtlike Oardering oan it bouplan foar it legalisearjen fan it pleatsen fan in rekla- meframe met spandoek op it perseel De Finnen 1 yn Grou De hear Hemminga (GB): Hy hat gjin problemen mei it foarstel. Kin der lykwols wat mear behei- nings oan ferljochting, ek it besteande, jûn wurde? Wethâlder Minkes: Dêr soe nochris oer praat wurde moatte. De ferljochting by de brêge fan Ter- herne kin dan ek meinommen wurde. 3.5 Foarstel om yn te stimmen mei it tapassen fan in yndekspersintaazje op de gemeentlike subsydzje fan 2008 foar "Stichting Bibliotheken Midden-Fryslân" De hear Seldenrust (FNP): Yn prinsipe is de FNP it mei it stik iens. Der is in misferstân en dat is neffens him in behoarlike omisje. Hoe hat dat sa komme kinnen? De hear Van der Meer (GB): Hij denkt dat het meer uit een soort enthousiasme tot bezuinigen voortgekomen is. Kan men dit soort zaken vaker tegenkomen? Hoe zit het met de post onvoor zien? Men zou daarvan een overzicht krijgen. De hear Van der Sluis (VVD): Hy hat neat ta te foegjen oan de wurden fan de hear Seldenrust. De hear De Visser (PvdA): Syn fragen binne al steld. Wethâlder De Vries: Der wie de earnst fan de besuniging. Yn dat geweld is nettsjinsteande de warskôging wat ferkeard gien. Men hat ûndersocht oft der noch mear fan dat soart gefallen bin ne. Neffens de ôfdieling finânsjes wie dat net sa. Hy wol skriftlik oan de ried de stân fan saken fan de post ûnfersjoen takomme litte. De hear Van der Meer (GB): Kan voortaan het oude en nieuwe saldo van de post onvoorzien ge noemd worden? Wethâlder Van der Meulen: Dat hie it kolleezje al tasein en dat sil dan yn de takomst ek barre. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Foar de oergong nei it beslútformjende part is der in koart skoft. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 t/m 4.4 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om in tariedingbeslút te nimmen foar it fergrutsjen fan de lisboksstâl op it per seel Snitserdyk 2 yn Raerd. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen ta it fergrutsjen fan in lisboksstâl op it perseel Pôle 13 yn Poppenwier. Pagina 5 1 03 Riedsfersiach 5 febrewaris 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7