De hear Van der Meer (GB): De raad heeft in het verleden kaders gesteld. Het zou de gemeente niets kosten. Men zou het niet van de MER laten afhangen. Mefrou Dekker (PvdA): It is netsjes foar de ûndernimmer oer om earst de MER óf te wachtsjen. Men moat him in kâns jaan om mei in oanpast foarstel te kommen. De hear Seldenrust (FNP): Yn it eardere riedsbeslút stiet dat der romte is foar in golfbaan, mar net foar in rekreaasjesintrum. De inisjatyfnimmer woe net ófsjen fan bou fan de wenten. Dat stiet dus los fan de MER. Mefrou Dekker komt no fan har stânpunt werom omdat har fraksje har net stipet. De hear Zijlstra (CDA): Hy wol graach fan de hear Seldenrust witte wêr't yn de beliedskaders stiet dat der gjin wennings by komme kinne. De hear Seldenrust (FNP): It giet dúdlik oer in golfbaan en net oer in rekreaasje-oard. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat juridysk te meitsjen mei wat yn de kaders stiet. Sy hat te fluch west mei har tasizzing oangeande de moasje. Yn har fraksje hat in goede diskusje plakfûn en dêr is sy dêrfan oertsjûge dat de inisjatyfnimmer in kâns hawwe moat. Nei de MER soe er mei in foarstel komme kinne. De hear Van der Meer (GB): Met de motie weet de initiatiefnemer beter wat zijn kans van slagen Mefrou Dekker (PvdA): Dat kin it kolleezje ek oanjaan. Dêr hoecht men net in moasje foar oan te nimmen. De hear Van der Meer (GB): Een uitspraak van de raad lijkt hem iets dwingender. De hear Zijlstra (CDA): It fernuveret him dat binnen in lyts komitee/it presidium in ófspraak makke wurde kin. De hear Hemminga (GB): It wie net in gearkomste fan it presidium, mar in gearkomste fan fraks- jefoarsitters. Hy wie bliid dat der brede stipe wie foar it foarstel. Troch de presintaasje yn it ge- meentehûs fan de inisjatyfnimmer krige men de yndruk dat men al in kar makke hie. De lokaasje wie ek net troch de ried as in mooglike lokaasje foarlein. Men moat as ried it sinjaal jaan dat de inisjatyfnimmer rekken hâlde moat mei de miening fan de ried. Hy is benijd nei de stimming. Want sa sterk is de fraksjedissipline by de PvdA dochs net dat men net oars stimme kin? De hear Seldenrust (FNP): Hy is ek benijd nei de opstelling fan it CDA. De hear Van der Woude (PvdA): Hy wiist derop dat de ried fan Boarnsterhim út 17 persoanen be stiet en net út 5. De lokaasje foar de ynformaasjejûn hie yndied oars wêze moatten. Mefrou Dek ker hat oanjûn dat sy oertsjûge is troch har fraksje. De hear Bouma (VVD): Men lit de ûndernimmer mar wat swimme. Jou oan wat syn kânsen bin- ne. It kostet al jild en de inisjatyfnimmer hat al oanjûn dat de gemeente wierskynlik in diel fan kosten fan de ynfrastruktuer opbringe moat. De hear Van der Woude (PvdA): Wat is der ynhâldlik feroare tusken oktober en no? Neffens him binne de kaders net feroare. Pagina 7 1 03 Riedsferslach 5 febrewaris 2008/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9