Mefrou Veldstra (FNP): Soe it punt fan de Tibetsupportgroep ek yn it beslútfoarmjende diel mein- imme wolle. De foarsitter: Concludeert dat de raad ermee instemt dat het als agendapunt 4.4 aan het besluit vormende deel toegevoegd wordt. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 5 febrewaris 2008 De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 2 Mefrou Veldstra (FNP): In pear moanne lyn is der ek nei frege (brief fan de hear Postma). Sy hat noch neat heard. Is de oplossing hast yn sicht? Nûmer 5 Mefrou Veldstra (FNP): It stik (sirkulêre akkountantskontrôle) is tige nijsgjirrich en it soe neffens har dan ek nei de auditkommisje moatte. De foarsitter: Kan met het laatste instemmen. Wethâlder Van der Meulen: Wol de fraach oer nûmer 2 skriftlik beäntwurdzje. Nûmer 4 De hear De Visser (PvdA): Hy hat in fraach oer hoe't mei dit stik (Verdaging goedkeuring begro ting 2008) omgien wurdt. Wethâlder Van der Meulen: Men hat léze kinnen yn it protokol hoe't mei dat soarte fan saken omgien wurde moat. It moat oan de provinsje foarlein wurde. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Minkes: Der ferskynt in spesjale krante oer de WMO. Dat kin budzjetêr neutraal. Men hat adhesy betsjûge oan in fersyk it kabinet te wizen op in ûngeunstige Ontwikkeling binnen de WMO. Der is in nije ferdielkaai ûntwikkele en dêrtroch wurde bepaalde gemeenten en ek Boarnsterhim beneidiele. Men wol foar de simmer mei Empatec in foarljochtingsgearkomste hâlde. Dan kin men sjen hoe't men ynfolling jaan kin oan de nije WMO. b. Mienskiplike Regelingen Wethâlder De Vries: Oer de brêgen yn Akkrum. De ympact fan de spoarbrêge is dúdlik te sjen. Flealwei maart komt der in special oer de brêgen yn Akkrum út. Op27 maart sil der mei de om- wenners fan de oanbelangjende brêgen praat wurde. Der komt noch in stik oer de hichte fan de brêgen yn Akkrum nei oanlieding fan de opmerkingen fan GB. Men hat dêroer ek oerlis mei PB. De hear Bouma (VVD): Men hat by PB Jirnsum hearre kinnen oer plannen yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Hoe ferrint ien en oar yn it Ijocht fan de finansjele situaasje fan de gemeente? Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 4 maart 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4