Wethâlder Minkes: De hear Van der Sluis hat gelyk wat dy heakjes oanbelanget. It is in konsept feroardering. De hear Van der Sluis (VVD): As der jildige ynspraakreaksjes binne dan komt it wer nei de ried werom. Dan kin men de feroardering al of net oannimme. Wethâlder Minkes: It is wat in 'loze' letter. As de ried seit dat it in feroardering is dan komt it net werom nei de ried. De foarsitter: Stelt vast dat de raad er dan op dit moment iets van kan zeggen. De hear Van der Sluis (VVD): Men hat berjocht krige dat op 22 april de konsept feroardering mie- ningsfoarmjend behannele wurdt en op 13 maaie kin de konsept feroardering beslútfoarmjend behannele wurde. Dat is hiel wat oars as wat mefrou Minkes seit. De hear De Visser (PvdA): De PvdA-fraksje is tige bliid mei de feroardering. Hy hopet dat er sa gau mooglik fan kracht wurdt. Ut namme fan guon feehâlders de kompliminten foar de flotte ôf- hanneling. De hear Riemersma (FNP): Hy fynt it frjemd dat men in feroardering oannimt dy't noch op besjen leit. De FNP is op himsels wiis mei de feroardering, want 26 bedriuwen komme no net yn de knoei. It fait him no wer op dat hiel wat plaknammen ferkeard skreaun binne. Dat soe sekuerder dien wurde moatte. De hear Gerbrandij (CDA): It is yn it presidium bepraat dat men it yn ien kear ôfdwaan soe. Elke- nien gie dermei akkoart útsein de FNP. Oars soe it oer de fakânsje hinne gean. It CDA is foar it foarstel. Wethâlder Minkes: Men soe it formeel earst mieningsfoarmjend en dan beslútfoarmjend hawwe moatte. Men woe it lykwols gau yn de beslútfoarming hawwe want dan kin men foar 1 july klear wêze. Oars soe it oer de simmerperioade hinnegean. Mei ekskús oan de FNP want de plaknam men binne net altyd goed werjûn en dat sif oanpast wurde. It is gearstald yn gearwurking mei de LTO. Boarnsterhim is ien fan de earste gemeenten dy't it sa regele hat. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is tige wiis mei de feroardering en dat it sa flot mooglik giet. Hy bliuwt lykwols fan miening dat it yn juny nochris mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend oan de oarder komt. Wethâlder Minkes: 10 juni meningsvormend, 24 juni besluitvormend en voor 1 juli klaar. De foarsitter: Het komt in Op e Hichte van de volgende week. Er wordt conform het voorstel be sloten. 4.6 Foarstel tariedingsbeslút lokaasje Nesserdyk yn Grou, artikel 19 lid 1 WRO De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De foarsitter: Het is 23.10 uur. De vragen kunnen zo veel mogelijk schriftelijk beantwoord wor den en/of doorgeschoven worden naar de vergadering van 13 mei. De hear Van der Meer (GB): Het komt vaker voor en het is erg jammer dat de vragen dan blijven hangen. De burger zou graag een antwoord op de gestelde vragen willen hebben. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 23 april 2008/odab/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12