de brede skoalle. Men moat dêrom werom nei de basis en gewoan twa simpele skoallen (plan B) bouwe. It kolleezje wol it bredeskoallekonsept net loslitte. De VVD tinkt dat it dan yn twa moan- nen dan ek net foar elkoar is. De hear Zijlstra (CDA): Wat foar ferhalen heart men fan partisipanten? De hear Bouma (VVD): Der binne partisipanten dy't ôfheakje. Kommersjele partners dogge net mear mei. De hear Seldenrust (FNP): Der is al in protte gers foar syn fuotten weimeand en dy saken wol er net allegearre werhelje. De fertroulikheid op de stikken kin der no neffens de FNP wol óf. Hy wi- ist dêrby nei de gemeentewet. It is mei de plannen foar de brede skoalle op in fiasko útdraaid. Men is der al 10 jier mei dwaan- de. De oanstjoering fanút de gemeente hat neffens de hear Buiter nea goed west. Men hat ek net in goed antwurd krige op de fragen fan 1 april oer de oanstjoering. Der sit noch in persoan tusken de projektlieder en it kolleezje en dy persoan is noch hyltyd de Neder fan it projekt en dêr hat de FNP grutte fraachtekens by. De stjoergroep hat it net mear yn hannen. Men beslút allinne mar oer ekstra krediten en men is de kontróle dêroer kwyt. Hy hat de wethâlder ek earder frege nei it btw-ferhaal. De a-,b-,c- en d- krediten binne eksklusyf btw. De 602.000 euro is opnommen yn it beskikber te stellen kredyt fan 923.000 euro sûnder fermelding oft der al of net btw yn ferrekkene is. De hear Bouma neamde soks peanuts. De hear Bouma (VVD): De btw wie yn syn eagen peanuts. De foarsitter: Wiist derop dat yn it stik stiet dat it ynklusyf btw is. De hear Seldenrust (FNP): Hy moat yn alle gefallen fêststelle dat de saken net goed rinne. It is benammen misgien by de oanstjoering. Hy leaut wol dat it hurdwurkjende minsken binne, mar dat stiet net gelyk oan it leverjen fan kwaliteit. Achteróf blykt dat dy kwaliteit der net is. Oer de ynspraak fan de hear Hofstra dielt hy de miening fan de foarsitter fan de stjoergroep net. Sa'n move om 10 foar alven jout oan dat men der seis mandélich oan is. As de hear Hofstra ge lyk hat dan hawwe de 17 riedsleden doe sitten te sliepen. Hy doelt dêrby op it trochrinnen fan de romtlike oardering proseduere. Wist de foarsitter dat it gie om it swimbad en net om de bouter- reinen fan de brede skoallen? Oangeande oprop fan de boargemaster. Hy is leaver negatyf mei each en soarch en noed foar de ynwenners as gemaakt posityf en dat men dêrby de saak ûnterjochte romantisearret. Mefrou Meinderts (CDA): Men moat kennis nimme fan de stân fan saken en beslute oer de tarie- dingskrediten. De 6 ton sit noch binnen it kredyt fan 4,4 miljoen en de 2 ton is nedich om troch te gean. It kolleezje moat de kâns krije om foar de simmer mei in sa'n breed mooglik plan te kommen. Men hat in brief fan de VNG krige en dêryn wurdt troch it ministearje yn 2008 jild fia it gemeentefûns beskikber steld foar it by inoar bringen fan de ferskillende taken op it mêd fan opf- ang. It kolleezje soe dêr ris nei sjen moatte. De hear Hemminga (GB): Hoe sjocht mefrou Meinderts oan tsjin de passaazje fan de provinsje 'indien wordt gekozen voor de bredere optie dan de wettelijke taak dan zal de afweging gemaakt worden of dit in het financiële belang van de gemeente is'. It is hiel helder wat dêrmei bedoeld wurdt. As der gjin jild is dan kin men dat brede wol ferjitte. Dêrom moat men in oare koers yn- slaan. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 23 april 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4