De hear Seldenrust (FNP): De PvdA wol dus dat de stjoergroep allinne mar sjocht nei de brede skoalle? De hear Vellinga (PvdA): De huisvesting van de scholen was ingebed in het verhaal van de brede school. Daar wil de PvdA nog aan vasthouden. De hear Hemminga (GB): Hoe sit it mei de tiidsplannng? Op 10 juny soenen de foarstellen der al wêze moatte. Kin de projektgroep garandeare dat men dan in kar meitsje kin? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): De tijd is krap. Omdat de kwestie al zo lang speelt, zal er duidelijkheid gegeven moeten worden. Men streeft er nog steeds naar om het op de vergade ring van 24 juni voor te leggen. Zodra de stuurgroep daar helderheid over heeft, zal de raad daar over geïnformeerd worden. De hear Seldenrust (FNP): Freget om in ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste. De foarsitter: lepenet de gearkomste wer. De hear Seldenrust (FNP): Lit it wurd oer oan de hear Hemminga. De hear Hemminga (GB): De projektgroep jout in twaspoarenbelied oan. Dat is nij, want dat wykt óf fan it prinsipe fan de brede skoalle. De moasje fan GB leit it aksint op de wetlike taak. Der sit lykwols wat romte yn de moasje. It kolleezje moat yn earste ynstânsje ôfsjen fan de ekstra's, mar earst ynsette op de wetlike taak. De hear Zijlstra (CDA): Yn de moasje stiet 'dat zijn dan wel extra's die verbonden zijn aan het principe van de brede school'. De romte is der dan blykber net. De hear Hemminga (GB): Dat lést er oars. It aksint leit foar him op de wetlike taak. Hy wol in wi- ziging yn de moasje oanjaan. It wurdt: 'Verzoekt het college uiterlijk 10 juni met een compleet voorstel te komen binnen de financiële kaders door de raad gesteld, waarin wordt voldaan aan enzovoort.' By it foarstel giet it puer om it beskikber stellen fan de bedraggen. Dat soe er 10 juny dwaan wolle want dat moat earst konkreter wurde. Miskien komt men mei de wiziging fan de moasje wat yn 'e mjitte oan de PvdA. Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): It CDA kin akkoart gean mei it foarstel, want dy twa ton is foar de fu- ortgong fan de brede skoalle nedich. De moasje fan GB/VVD/FNP beheint de mooglikheden te folie. De hear Bouma (VVD): De moasje jout bredere mooglikheden binnen de finansjele kaders. Hy snapt net wêrom't it CDA no switcht. Mefrou Meinderts (CDA): Sy hat antwurden krige en dat wie foar har foldwaande. Op 10 juny is dúdlik wat de finansjele gefolgen binne. De hear Riemersma (FNP): Hy hat him fernuvere oer de opmerkingen fan de geheimhâlding fan de stikken, lepenbierheid soe skea opleverje kinne. Dan is der blykber wat ferkeards dêr't de oare partij gebrûk fan meitsje kin. As dat sa is dan fynt er dat in ferkearde mentaliteit. Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 23 april 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8