De hear Seldenrust (FNP): Neffens him moat de ried beslute oft de geheimhâlding op de stikken bliuwt. Hy hat wer it idee dat men opnij oerfallen wurdt. Men folget in twaspoarebelied, mar der wurdt yn it foarstel hielendal net oer praat. Men is al acht jier dwaande mei de realisaasje fan de brede skoalle en men hat noch neat berikt en dan soe it no yn twa moanne klear wêze? As oer twa moanne alles knipt en skeard is dan mei men yn de hannen klappe. It hat foar him it foardiel fan de twifel. Hoe komt it mei de moasje fan de PvdA? De FNP sil fansels de eigen moasje stypje. De hear Zijlstra (CDA): Hoe sit dat mei it foardiel fan de twifel en it stypjen fan de moasje? De hear Seldenrust (FNP): Omdat de stjoergroep krekt dat dwaan wol wat yn de moasje stiet. De moasje jout de mooglikheid om de saak te kontrolearjen. It btw-ferhaal is no opheldere, mar hy wol eefkes kwyt dat it in grutte tizeboel oan papieren is. Wat is it ferskil tusken de easken fan de finansjele partner en de easken fan de finansjele kaders? Oer it tastjoeren fan de kontrakten. Binne dy kontrakten ek ûndertekene wer weromstjoerd? De hear Bouma (VVD): Der moat op10 juny in plaatsje lizze mei in finansjele dekking om in goed beslút nimme te kinnen. De moasje jout dúdlik oan wat men wol. De hear Hemminga (GB): It giet GB derom dat op 24 juny it beslút nommen wurde kin en dan moat it foarstel op 10 juny foarlizze. Dan moatte ek de kontrakten mei de partisipanten foarlizze en oars hat it kolleezje in probleem. Want dat hat dan as konsekwinsje dat de skoallen puer as skoallen boud wurde moatte. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA giet akkoart mei it foarstel. De moasje fan GB/VVD/FNP: hy tocht earst op grûn fan de reaksje fan de hear Hemminga dat men hiel ticht by inoar siet. Mar mei de ynbring fan de oare yntsjinners ferdwûn dat gefoel. It útgongspunt fan de brede skoallen rekke hyltyd mear út it sicht. De PvdA hat genôch oankopingspunten fûn yn it foarstel fan de foarsitter fan de stjoergroep dat men de eigen moasje ynlûke wol. As it úteinlik sa komt dat allin- ne gewoane skoallen boud wurde kinne dan sil men dat akseptearje. Hy freget de oare partijen om har moasje ek werom te lûken. De hear Van der Meer (GB): De stuurgroep heeft eigenlijk niets voorgesteld. Dan geeft men dus een opdracht aan de stuurgroep als men de moties terugtrekt? De hear Vellinga (PvdA): Men kan het voor hem wel vastleggen in een gezamenlijke motie. De hear Bouma (VVD): Hy tinkt dat de hear Vellinga muoite hat mei de ûndertekeners fan de moasje. De hear Vellinga (PvdA): Dat bestriidt er. De earste útlis fan de hear Hemminga spruts him wol oan. De hear Seldenrust (FNP): Giet der in opdracht nei de stjoergroep om dy frij te stellen fan in twaspoarebelied? Ferbynt de PvdA dêr ek konsekwinsjes oan as der gjin resultaat leit? De hear Vellinga (PvdA): As der oer twa moanne gjin foarstel is dan hat elkenien in probleem. De hear Bouma (VVD): De moasje fan GB/VVD/FNP is in heldere opdracht oan de stjoergroep. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 23 april 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9