BOARNSTERHIM
Griffy
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 14
maaie 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te
Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, J.W. de Visser en B. de
Jong,
fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer
fan de VVD: de hear S. Bouma
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en
de hear A.J. de Vries
Fan de jongereinried:
Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris)
Mei kundskip ôfwêzich: de hearen D. van der Meulen (wethâlder), H. Vellinga (PvdA), R. van der
Woude (PvdA), M. van der Sluis (VVD) en mefrou P.M. Esser (PvdA)
lepening
De voorzitter heropent de vergadering die een vervolg is van de vergadering van 13 mei. Zij heet
iedereen welkom.
3.8 Moasje GB2000
De hear Hemminga (GB): Der is op 9 oktober besletten oer it Fryske Marreprojekt. Der is fierder
in projektlieder mei te set gien, mar dy ken lykwols net altyd de foarskiednis. GB hat der fragen
oer steld en der binne antwurden op kommen. Yn de eagen fan GB is PB Akkrum net botte krity-
sk. De omwenners binne yn in let stadium ynformearre en is eins foarholden dat alles al besletten
wie. It histoaryske aspekt wurdt yn de reaksje fan it kolleezje ek ûnderbeljochte. It is in hiele âlde
rûte fan de âlde Boarn, dêr't de smelle brêgen byldbepalend yn binne.
Mefrou Dekker (PvdA): Wat hat it histoaryske aspekt te meitsjen mei de hichte fan de brêgen?
De hear Hemminga (GB): Der binne mear byldbepalende brêgen yn de gemeente lykas de Bidler-
brêge yn Wergea en yn Terherne de brêge oer de Alde Sânsleat. Der leit in beslút fan de ried foar
in hichte fan 1.80 m. De nije brêge yn de Polsleat is by amendemint op 1.50 m set. It kolleezje
wol lykwols dochs nei 1.80 m ta. Dat sil konsekwinsjes yn dy rüte hawwe. Neffens GB moat
men it amendemint fan de ried serieus nimme. Hy lést de moasje foar.
1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 maaie 2008/odab/1