De hear Hemminga (GB): De dekking fan alle ûnderdielen fan it Fryske Marreprojekt moat noch oan de oarder komme. It moat dus neffens him noch troch de ried. Wethâlder De Vries: Hy tocht dat it kolleezje oars tige helder kommuniseard hat oer de brêgen yn Akkrum en oer de Himdykbrêge yn it bysûnder. Yn augustus 2007 hat men it oer de hichte fan in fêste brêge op 1.80 m hân. Foar de út te fieren ûnderdielen hat it kolleezje de finansjele dekking en de goedkarring troch de ried krigen. It kolleezje hat tige iepen west oer de projekten yn Ak krum. Der sille fansels altyd wat tsjinstanners wêze. Hy tinkt dat it hiel ferstannich is om it op dizze wize op te lossen. It is wiidweidich mei alle belutsenen bepraat. De hear Bouma (VVD): Men hat it der yndied op 9 oktober oer hân, mar men moat noch 8 ton oanfoljende middels hawwe foar it Fryske Marreprojekt. Der is dus gjin sprake fan in folsleine dekking. Wethâlder De Vries: Dy is der wol want de 8 ton is foar oare projekten bedoeld, û.o. foar de Sylsbrêge yn Jirnsum. Men sit yn de oanrin nei de definitive gunning en in stop op it projekt soe tige ferfelend wêze. Troch opskowing soe ek de ferbouwing fan Leppehiem yn gefaar komme omdat it bouferkear oer dy brêge moat. Doedestiids hat it kolleezje de ried in foarstel dien om de brêge oer de Polsleat op 2.50 m te setten. De ried woe dat fia in amendemint op 1.50 m sette. De sloepen wurde grutter en men wol foar de takomst ek in sloeperûte foar dy gruttere sloepen mooglik hâlde mei in hichte fan 1.80 m. Hy hopet dat it kolleezje dêr draachflak foar krijt. PB fynt ek dat men stribje moat nei in sloeperûte Himdykbrêge, Buorren, Polsleat fan 1.80 m. PB fynt dat it kolleezje der wol in ynspanning foar leverje moat fia oerlis mei de omwenners. Der sil in protte foar weromkomme as men dy hichte fan 1.80 m oanhâlde kin. It jout in ympuls oan de wetter- sport yn Akkrum. Mefrou Dekker (PvdA): Wie yn 2005 de noarm foar in sloep 1.50 m? Wethâlder De Vries: Der kinne hiel wat sloepen ûnder dy hichte troch. No wurdt binnen it Fryske Marreprojekt, as dat mooglik is, foar 1.80 m keazen. De hear Bouma (VVD): PB hat wol wiisd op it útbliuwen fan de werstrukturearring fanwegen de jildpine. In hegere brêge sil dochs mear kostje. Wethâlder De Vries: Men hat noch gjin sketsen en rûzings fan de kosten fan dy brêge. It ferskil liket him marzjinaal. Foar de brêge yn de Himdyk komt it del op in ferskil fan 9.000 euro. It kol leezje kin net alles tagelyk en wol dat oanpakke wat men behappe kin. De 1.80 m kin technysk realisearre wurde en by PB is dêr ek draachflak foar. Men moat iepen stean foar nije ûntwikke- lings en it kolleezje wol graach de romte om it mei de ynwenners fan Akkrum te bepraten. Oer it alge' ien komt men der by soksoarte kwestjes goed út. Alle fragen fan GB binne al beäntwurde en hy ferwiist dêrby ek nei it stik fan 22 april. De hear Riemersma (FNP): De sloeperûte bestiet út 3 brêgen. Hoe komt it mei de brêge yn de Buorren? Hy nimt oan dat men dy brêge pas oanpakt as men út de brêge oer de Polsleat is. Wethâlder De Vries: Sa tinkt it kolleezje der ek oer. Technysk moat it mooglik wêze om nei dy hichte ta te gean. Mar earst de brêge oer de Polsleat en dan dy oer de Buorren. Dêrfoar earst graach de oanpak fan de Himdykbrêge. De foarsitter: Vraagt de raad om reacties. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 maaie 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 21