De foarsitter: Vraagt de raad om met de juiste opmerking van de heer Seldenrust rekening te houden. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan it jierferslach en jierrekken 2007 fan de Stifting Bi bliotheken Midden-Fryslân De hear Hemminga (GB): 'Volgens afspraak in het subsidiecontract'. Dy term mei neffens him net mear brûkt wurde. De hear Looijenga (CDA): It is in dúdlik jierferslach. It is moai dat it tal leden en útlienings om- heechgeane. De administraasje- en automatisearringskosten falie óf. Wethâlder De Vries: Der wurdt goed gebrûk makke fan de foarsjenning. In organisaasje moat se- ker op syn kosten lette. Hy siket it noch út oft de term subsydzjekontrakt wol krekt is. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan it foarûntwerpbestimmingsplan Akkrum-Nes De hear Riemersma (FNP): Hy is it wol iens mei it foarstel. De wenarken meie neffens it stik 30 kante meter bybouwe. Neffens him moat men deselde kritearia oanhâlde as by de wenhuzen. Wethâlder Minkes: Is bliid dat men dit plan op de rûte sette kin. Sy sjocht de reaksje fan de hear Riemersma as in ynspraakreaksje. 2.5 Foarstel om kennis te nimmen fan de projektrapportaazje oangeande aktualisaasje fan it bestimmingsplanbestân yn relaasje ta it mearjierreprogramma bestimmingsplannen De hear Vellinga (PvdA): Hoe staat het met de samenwerking op het punt van digitalisering met Leeuwarden? Wanneer komt er een structuurvisie? Binnen 5 jaar moeten alle plannen klaar zijn. Haalt men die termijn? Misschien is het beter om wat leges te laten lopen in plaats van dure mensen in te huren. Als er per 1 juli een aantal RO-mensen komen dan zou men nu wel moeten weten hoeveel. Wordt er al een planning gemaakt voor de volgende ronde? De hear Hemminga (GB): Hy kin him by de opmerking oer de helberheid en de termyn oanslute. Wurde de werstrukturearringsplannen ek meinommen yn de aktualisearring? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hat ek har grutte twifels oft men de planning wol hellet. Hoe bedoelt de hear Vellinga syn oprop om dan mar leezjes lizze te litten? De hear Riemersma (FNP): It wurdt mei minder bestimmingsplannen (fan 100 nei 19) wat oer- sichtliker. Men sil minder kosten hawwe en it sil foar de ynwenners flotter gean. De projektrap portaazje is tige dúdlik. Der komt in digitale en in papieren ferzy. By in skeel soe de papieren fer- zje binend wêze. Is dat wol sa? Mefrou Meinderts (CDA): De plannen moatte binnen 5 jier klear wêze. Kin men dat strategysk planne? Wethâlder Minkes: Alles is der op rjochte om it te heljen. De minsken hawwe der tige hurd oan wurke. Men hat úteinlik ek sa'n 4,5 ton besparre. Foar Akkrum-Nes is de oare deis de earste yn- rinjûn. Minsken kinne rjochten ûntliene oan in bestimmingsplan. Men wol binnen 5 jier klear wêze om gjin problemen mei de leezjes te krijen. Men moat om de 10 jier de plannen aktualisearje en fansels moat men dêr in planning op loslitte. Foar de digitalisearring sil men de gearwurking mei Ljouwert sykje sadat men net seis it tsjil nochris útfine moat. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 13 maaie 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7