Sisa is in kandidaat foar de brede skoalle. Der moast lykwols earst tydlik in alternative húsfesting socht wurde en men woe derby it Griene Krús en Sisa kombinearje. Der hat in giga-syktocht troch Grou west. Men tocht in tydiike foarsjenning op de Nesserdyk te finen, mar dat like de bouwer yn ferbân mei it heien gjin goed idee. Doe foei men werom op plan B. Sisa woe wol meidwaan as de gemeente mear romte kreëarje koe. Sa kaam men op de Boeierstrjitte. Dat idee is lykwols stomprûn. De tydiike foarsjenning Nijdjip is akkoart en Sisa hat ek noch wat oare ops- jes. It MFC is in projekt fan Noorderbreedte. Talant, Welkom en de gemeente. Elk hat syn eigen foarskriften oer de wize fan finansiering. De kosten dy't troch de flearmûzen ûntstien binne, hat men dield. Der hat oerlis west mei deputearre Schokker en de tasichthâlder fan de provinsje. Sy tinkt dat de oanbesteging tafalle sil. It is tige wichtich dat it plan trochgiet omdat it in spin yn de soarchfoarsjennings yn Grou is. De foarsitter: Als voorzitter van de stuurgroep wil zij nogmaals het belang van het doorgaan van het projectplan onderstrepen. De hear Bouma (VVD): Hoe sit it mei de sloopfergunnings foar de garaazjeboksen? Wethâlder Minkes: Sy wit net krekt hoe't it mei de sloopfergunning sit, mar men hat it yn de teugels. Der is gjin ferskil fan miening mei de eigners fan de boksen. Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA wol ek ûnderstreekje hoe wichtich it is dat der in multyfunksjo- neel sintrum yn Grou komt. De oanbelangjende minsken (Nij Friesmahiem) hawwe der echt sin oan. De hear Van der Meer (GB): Ook GB vindt het belangrijk dat het mfc er komt. Het bedrag is zon der btw. Zit er nog een btw-risico voor de toekomst in? De hear Bouma (VVD): De VVD is ek foar it plan, mar hat soargen oer de útfiering. De tiid is krap. It kredyt kin formeel wol leger wêze troch rekken te hélden mei de opbringst fan de grûn. De hear Riemersma (FNP): Hoe wurdt de troch him foarlêzen sin bedoeld? Mefrou Meinderts (CDA): Ek it CDA fynt it tige wichtich dat dizze ynfolling der komt. It is ek in soarchstipepunt foar Reduzum en Wergea. Wethâlder Minkes: Der is tige op it projekt rekkene. It wurd 'vergoed' ûntbrekt oan de ein fan de sin. Der sit in tiidsrisiko yn, mar neffens har gjin finansjeel risiko. De ried soe derfoar soargje moatte dat it op tiid klear komt en it beslút it dizze jûn noch ôftikje moatte. Der sit neffens har gjin btw-risiko yn. Se sil dêr noch skriftlik ynformaasje oer jaan. De foarsitter: Gezien het risico van de tijdsdruk zou zij willen voorstellen om het voorstel in het besluitvormende deel van deze vergadering op te nemen. De hear Bouma (VVD): Hy fynt de opmerkingen oer de sloopfergunning bagatellisearjend. Dat soe better ynsichtlik makke wurde moatte. Wethâlder Minkes: It bouryp meitsjen hat te meitsjen mei it slaan kinnen fan de earste peal. De garaazjes wurde sloopt en foar in part weromboud (troch Welkom). Der komt gjin gedoch mear mei de eigners fan de garaazjes. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 13 maaie 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9