selde priis as de priis de kante meter foar de kavel en dat sil meastentiids heger wêze as 75 euro. It foarstel fan de hear Galama jout neffens him mear burokrasy. De hear Zijlstra (CDA): Soe it net sa wêze kinne dat neffens punt 5 der in hegere priis fêststeld wurde kin? De hear Van der Woude (PvdA): Dat soe bést sa wêze kinne, want it kin neffens punt 5 beide kanten útgean. Mar dat is in saak fan it kolleezje. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD kin mei it foarstel ynstimme. De prizen binne foars om- heech gien, mar de merk sil syn wurk dwaan. Neffens punt 5 soe de priis ek omleechgean kinne. De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat earder syn beswieren utere. It moat foar de gemeente ren- demint opleverje. It moat ek te'n goede komme fan de boarger en sa is it in belang fan twa par tijen. It belang fan de boarger krijt yn it foarstel syn gerak net. De 75 euro sil wol merkkonfoarm wêze, mar as men oergiet nei in ferheging fan 100 of seis 300% dan soe men neffens de FNP mei in alternatyf komme moatte. Dêrta tsjinnet de FNP in amendemint yn. De 75 euro wurdt fer- parte yn trije dielen sa't út it amendemint bliken docht. Hy lést it amendemint foar. De ried fan de Gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op: Tiisdei 27 maaie 2008 Yn oerwaging nimmende: Dat it foarstel foar de boargers fan de Gemeente Boarnsterhim in te grutte ferheging yn ien kear is. Stelt foar it riedsfoarstel sa te wizigjen: 1Stim yn mei it opheffen fan it ûnderskied tusken de gebrûksmooglikheden en it hantearjen fan ien fêste ferkeappriis: euro 35,00 m2 foar grûn dy foldocht oan de kriteria snippergrien. 2. Stim yn mei in jierlikse ferheging fan euro 15,00 m2 foar de kommende 3 jier it hjoeddeis- tige bedrach fan euro 35,00) yngeande 1 septimber 2008 nei earst publikaasje yn it blêd "Op 'e Hichte". 3. Akkoard kolleezje foarstel. 4. Stim yn mei it foarstel de prizen jierliks per 1 jannewaris te yndeksearjen neffens de konsumin- ten priisyndeks fan it CBS foar alle húshâldens, foar it earst op 1 jannewaris 2012. 5. Akkoard kolleezje foarstel. En giet oer ta de oarder fan de dei. De hear Zijlstra (CDA): De punten 1, 2 en 4 fan it amendemint kostje de gemeente jild. Moat de rest fan de gemeente opdraaie foar de minsken dy't foar minder jild snippergrien keapje kinne? De hear Seldenrust (FNP): De boarger draait sowieso al foar it tekoart fan de gemeente op. Yn it foarstel is der noch in mooglikheid foar de boarger om de grûn wat goedkeaper oan te skaffen. De foarsitter: Het amendement maakt vanaf nu deel uit van de beraadslagingen. De hear Van der Meer (GB): Het valt hem op dat men bijna nooit alternatieven voorgelegd krijgt. Het amendement van de FNP zou als zo'n alternatief kunnen gelden. Er ligt bij het collegevoorstel geen onderbouwing. Het gaat blijkbaar alleen maar om het geld. Misschien kan het idee van de inspreker meegenomen kunnen worden in de discussie.GB wil graag een nieuw voorstel, eventu eel met alternatieven, zien. Pagina 7 Documenti /odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10