De hear Van der Woude (PvdA): Dat fynt er wol wat te koart troch de bocht. Oan wat foar alter- nativen tinkt GB? De hear Van der Meer (GB): Het voorstel is voor hem wat een slag in de lucht met als achter grond dat men aan geld moet komen. Mefrou Esser (PvdA): Sy wiist derop dat der hiel dúdlik ûnder 5 stiet dat men fan de priis ôfwike De hear Van der Meer (GB): Dat is geen goed uitgangspunt, want men moet in eerste instantie kiezen voor een richtprijs. Mefrou Meinderts (CDA): Sy fynt punt 5 fan it foarstel in alternatyf. Sy soe graach de miening fan de portefúljehâlder oer it amendemint hearre. De hear Van der Woude (PvdA): De portefúljehâlder soe him dan beheine moatte ta it amende- De foarsitter: Dat is volgens haar ook de bedoeling. Wethâlder De Vries: Hy fielt him gjin jildwolf. De fasearring yn it amendemint oer 3 jier komt yn haadlinen neffens him op itselde del as it kolleezjefoarstel. It bedrach fan 75 euro neffens it kol- leezjefoarstel is net útwrydsk oangeande de prizen, want men wit wat de kavels yn de gemeente kostje. Hy soe it amendemint ûntriede wolle. De foarsitter: Zij schorst op verzoek van de heer Van der Woude de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Van der Woude (PvdA): De boarger kin seis wol beslute oft er snippergrien keapje wol of net. De PvdA sjocht neat yn in staffeling fan de prizen. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Fansels sil de boarger seis in kar meitsje. Mar by it amendemint fan de FNP jout men de boarger in kâns om deroer nei te tinken. Hy hat dan mear kar. Dat makket it yn- teressant foar de boarger en de gemeente. Men soe sa ek kosten op it ûnderhâld besparje kinne trochdat der minder ûnderhâld is as der mear ferkocht wurdt. De hear Van der Meer (GB): Is der geen risico dat in het eerste jaar al het snippergroen verkocht wordt? De hear Seldenrust (FNP): Men wol it dochs ferkeapje? Dan is men ek fan it ûnderhâld ôf. De hear Van der Woude (PvdA): De boargers witte dat dit ferhaai deroan komt. En hy hat net de yndruk dat it de ôfrûne wike stoarm rûn hat mei oankeap fan snippergrien. De hear Seldenrust (FNP): Der stiet yn it amendemint 'nei publikaasje yn Op 'e Hichte'. De hear Looijenga (CDA): Dat soe ynhâlde dat it yn 2008 euro wurdt en yn 2009 65 euro en yn 2010 80 euro en dat yn 2012 de yndeksaasje komt? De hear Seldenrust (FNP): Dat is korrekt. Pagina 8 Documenti /odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11