De hear Zijlstra (CDA): Hy sil eardere punten ek net werhelje. Der wurdt troch it kolleezje hurd oan wurke om de organisaasje op oarder te krijen. Men sil in streek sette moatte Onder 2007. 2008 is neffens him in oergongsjier. It CDA ferwachtet foar 2009 in ferklearring fan rjochtmjit- tichheid. It CDA stimt yn mei it foarstel en is bliid mei de opmerking fan GB oangeande de alge- miene reserve. De foarsitter: Zij begrijpt van de wethouder dat er per 1 juli geen rapportage over de dubieuze debiteuren ligt. De portefeuillehouder zal schriftelijk informeren wanneer de eerste rapportage wel komt. Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel om yn te stimmen mei de tydlike renovaasje fan de Bidlerbrêge yn Wergea De hear Riemersma (FNP): De FNP is it wol iens mei it foarstel. Hy hat 14 dagen lyn in opmerking makke oer in flater yn it stik. Dat wie de wethâlder mei him iens, mar de flater stiet der noch hyl- tyd yn. Hy hat kontakt hân mei de amtner en dy sei him dat wat yn it stik stiet totale ûnsin is. De amtner skreau 'Gisteren bent u bij mij aan het bureau geweest vanwege de onduidelijke zinsopbouw fi nanciën. Ik heb dat voor de zekerheid teruggekoppeld naar de afdeling financiën. Het blijkt dat er had moeten staan dat de investeringsruimte niet toereikend was. Hiermee wordt teruggekeken naar het vorige advies. Het verzoek van de raad was om een nieuw advies te maken. De interpre tatie van mij dat het bedrag niet beschikbaar was, doordat de afweging niet had plaatsgevonden, was dus onjuist. It iene part fan it stik doocht dus wol, mar dat oare is komplete ûnsin. Hy soe wol hawwe wolle dat men op in sinfolle wize mei stikken omgiet. De foarsitter: Zij neemt de opmerking voor kennisgeving aan. Zij had het beter gevonden dat de heer Riemersma de wethouder voor de raadsvergadering ervan op de hoogte had gesteld. De hear Riemersma (FNP): Dêr kin er net oan meiwurkje want hy hat 14 dagen lyn de opmerking makke en dêr is neat mei dien. De foarsitter: Zij doelt op het andere punt. De hear Riemersma (FNP): Dêr soe er him oan hélde wolle. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Foarstel tot it ferlienen fan ûntslach oan de griffier Mefrou Veldstra (FNP): It foarstel hat twa ûnderdielen en dat jout wat swierrichheid. Mei it earste punt is de FNP it folslein iens, mar men kinnet ynstimme mei it twadde punt. De FNP tsjinnet dêr- ta in amendemint yn, dat mei ûndertekene is troch GB en de VVD. De ried fan de Gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op tiisdei 27 maaie 2008. Yn oerwaging nimmende: de funksje fan de nij te beneamen griffyr, net werom te bringen nei 24 oeren, sjoen de wurksumheden dy't troch de hjoeddeiske griffyr útoefene wurde. Stelt foar it riedsfoarstel sa te wizigjen: Stel de funksje fan griffyr foar 36 oeren per wike iepen foar werfing. En giet oer ta de oarder fan de dei. Pagina 10 Documentl /odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13