bliuwe. It giet dus om in serre en dy moat 4 m út it wetter komme. It kin op dit moment net sûn- der frijstelling omdat it in oanbou is. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach oangeande in oanbou op it perseel Halbertsma's plein 11 yn Grou fia in frijstellingsproseduere op grûn fan artikel 19 lid 1 WRO De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel ta it ferlienen fan ûntslach oan de griffier Mefrou Veldstra (FNP): It is in wat apart agindapunt. It bestiet út twa ûnderdielen: it earfol ûnt- slach fan de griffier en it fêststellen fan de funksje op 24 oeren. De FNP is fansels akkoart mei it earste ûnderdiel, mar kin har net fine yn it werombringen fan it tal oeren fan 36 nei 24. Benam- men de lytse fraksjes hawwe neffens har in protte foardiel fan de stipe fan de griffier. Der wurdt rojaal gebrûk makke fan tredden as de organisaasje it seis net oprêde kin en wêrom moat der dan besunige wurde op de griffier? Gjin inkelde partij hat doedestiids opmerkingen makke oer de oan- stelling fan de meiwurkster. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it iens mei punt 1It is spitich dat de griffier fuort giet. Neffens de VVD giet it om in folsleine baan en men kin it dan neffens him ek net mei minder oe ren dwaan. Hy is it yn grutte halen it mei it ferhaal fan mefrou Veldstra iens. De hear Van der Meer (GB): Hij is het met de vorige sprekers eens. GB vindt dat inleveren van kwaliteit louter om geld geen goede optie is. Het werk van de griffier komt de democratie ten goede. Wie zijn idee is het geweest om te bezuinigen op de griffie? Heeft men de griffier zelf wel eens gevraagd wat er voor zo'n functie nodig is? De hear Van der Woude (PvdA): Hy felisitearret Martin Frensel mei syn beneaming yn Zwolle. Doedestiids hat men ynstimd mei de ferromming fan 24 nei 36 oeren. Letter is der foar de griffy noch 24 oeren stipe by kaam. Yn in nije situaasje wol men ôfwage kinne oft dy 36 oeren noch wol nedich binne. As men by oare gemeenten fan sa'n 20.000 ynwenners sjocht, dan docht bliken dat men dêr meastentiids mei sa'n 48 oeren foar de griffy ta kin. Dus fielt er foar 24 oeren foar de griffier en 24 oeren foar stipe fan de griffy. De hear Van der Meer (GB): Hij heeft ook een lijstje waaruit blijkt dat de gemeenten 1 fte voor de griffier beschikbaar stellen. De hear Van der Woude (PvdA): Men moat dan wol nei it totaalpakket fan sa'n griffier sjen. De hear Van der Meer (GB): Men kan hier in Boarnsterhim veel zaken niet overdragen aan het ambtelijke apparaat. De hear Van der Sluis (VVD): Fan't simmer hie de PvdA gjin beswier tsjin de 24 oeren foar de griffy. Wêrom tinkt de PvdA dêr dan no oars oer? De hear Van der Woude (PvdA): Op dat momint hie de hear Frensel in kontrakt fan 36 oeren. Foar skaal 11 of 12 kin men net immen oan in kopiearmasine sette. En dêrom gie men akkoart mei de stipe. Mar der is no in nije situaasje. De hear Van der Sluis (VVD): Hy hie dat dan earder hearre wollen. Dan hie de stipe beheind wur de moatten ta 1 2 oeren. Pagina 5 Documenti /odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8