De hear Hemminga (GB)As der echt driuwende redenen binne dan soe men it geheim hâlde moatte. Mar dy needsaak leit op basis fan de sifers neffens him hjir net. De hear Seldenrust (FNP): Slút him by de hear Hemminga oan. De sifers sizze eins net safolle. Mefrou Dekker (PvdA): Wat is it fersyk fan de strategyske partner de FNP en GB wurdich? De hear Seldenrust (FNP): Dat fersyk fan de strategyske partner is út de stikken net dúdlik. Mefrou Dekker (PvdA): De foarsitter hat it fersyk fan de strategyske partner nei foaren brocht. Sa'n fersyk soe men dochs respektearje moatte? De hear Seldenrust (FNP): Der stiet nearne yn de stikken dat de strategyske partner geheimhâl- ding wol. De ôfrûne tiid hat wol bliken dien wat de wurden fan it kolleezje of de stjoergroep wur dich binne. Mefrou Dekker (PvdA): Fynt de reaksje fan de FNP wat wûnderlik. Men soe sa'n fersyk dochs re spektearje moatte? De hear Seldenrust (FNP): It fersyk fan de wenningboukorporaasje ta geheimhâlding stiet net yn it stik. De foarsitter: Stelt vast de de FNP het voorstel in stemming wil brengen. De FNP, de VVD en GB zijn voor het voorstel, de meerderheid is dus tegen en daarmee is het voorstel verworpen. 2.2 Foarstel oangeande fuortgong projekt Brede Scholen Grou Akkrum De hear Bouma (VVD): It foarstel is de safolste ôflevering fan de soap brede skoalle. It kolleezje is net by steat it proses te managen. It ferhaal hat in protte oerienkomst mei it mearke fan de nije klean fan de keizer. De VVD kin it kolleezje net langer foar fol oansjen. De hiele mienskip wurdt skoffearre: de sport, oare partisipanten, minderheden yn de ried ensafuorthinne. Dat blykt be- nammen út de minne kommunikaasje en it slimme is dat it kolleezje dêr seis net fan oertsjûge is. De VVD fynt ek de rol fan de kolleezjepartijen betinklik. It CDA seit tsjin alles amen en de PvdA gûlt krokodilletriennen. Dy partijen hawwe der ek gjin ferstân fan hoe't men men jild omgean moat. Troch de 5 miljoen oan kosten komt men yn noch swierder waar. De boargers binne útein- lik de dupe. Der wienen twa ferkiezingsbeloften: de brede skoalle en it fytspaad Grou-Warten en fan beide komt neat op 'e hispel. Is dat sosjaal belied? Ek de CDA-wethâlder kin him der net goed mei réde. By de foarjiersnota docht ek wer bliken dat dit kolleezje net kapabel is. Yn oktober 2007 is it beslút oer de brede skoalle nommen. De VVD is der doe by de stimming útrûn en dêr wienen de oare partijen doe min oer te sprekken. No leit foar om datselde foarstel werom te lûken. De kommunikaasje ferrint min en sa ferspilet men it betrouwen. Men sil mei de provinsje oer de 5 miljoen prate moatte. Moreel en formeel is de gemeente fallyt. Men moat mei de bou oan de slach. Moat men dan it konsept fan de brede skoalle loslitte? Hy tinkt fan net want sa'n skoalle hat in protte synergyfoardielen. De brede skoalle is lykwols in utopy mei dit kolleezje. Mefrou Dekker (PvdA): De hear Bouma wie altyd foar de smelle fariant en no wol er in brede skoalle. De hear Bouma (VVD): Hy wol net op dy opmerking yngean en syn ferhaal ôfmeitsje. Mefrou Dekker (PvdA): It is neffens har in hiel normale fraach. Pagina 3 Ferslach riedsgearkomste 1 7 juni/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4