De hear Bouma (VVD): De VVD hat nea foar in smelle skoalle west mar wol in ferantwurde brede skoalle. Der moat oerlis komme mei û.o. saakkundige partners, finansiers en projektûntwikkel- ders. Miskien soe men yn Grou wer nei in oare lokaasje omsjen kinne. Dat kin lykwols net mei dit kolleezje. De foarsitter: Wijst erop dat het een vergadering is van raad en college en niet van raad en stuur groep. De hear Seldenrust (FNP): It is in grutte teloarstelling dat it sa ferrûn is. Mar it docht him goed dat de stjoergroep mei dit stik in brevet fan ûnfermogen dellein hat. Sa'n 5 miljoen wurdt wei yn de Boarnsterhimster fiaskoput. In te gau ôfbrutsen swimbad yn Grou. De 150.000 euro earmerke jild foar it swimbad is ek fuort. De petearpartners, frijwilligers en partisipanten waarden net seri eus nommen en de boargers moatte no foar de ekstra lesten opdraaie. Nei de ferkiezings fan 2006 sei wethâlder Van der Meulen dat de moaiste en sûnste skoallen yn Boarnsterhim komme soenen. It fiasko mei de Hardenberggroep waard nochris súntsjes oerdien mei de komst fan de oare projektlieder Buiter. Dêrneist waard de ried minachte troch kolleezje en stjoergroep. De ferskate warskôgings binne troch kolleezje noch stjoergroep serieus nommen. De foarsitter sei dat as ien fan de beide spoa- ren net slagje soe der dan in grut probleem wie. It is spitich dat de FNP en oaren no har gelyk krije. De stjoergroep wol no in tredde spoar. Dat is neffens him in sydspoar nei it ranzjearterrein. Foar de FNP is it oant hjir en net fierder. Mei dit kolleezje sil men it net oprêde om ta goede sko- allefoarsjennings yn Boarnsterhim te kommen. Mefrou Dekker (PvdA): Hoe sjocht de FNP dan de takomst fan de bern yn Boarnsterhim? De hear Seldenrust (FNP): Dat hie it kolleezje en de stjoergroep har realisearje moatten. De FNP hat der altyd al op op oantrune om yn goed petear mei de partisipanten te gean. Mefrou Dekker (PvdA): Betsjut 'ein ferhaal' dat der gjin skoallen komme? En wat is dan it alterna- tyf? De hear Seldenrust (FNP): It betsjut dat der wol nije skoallen komme, mar net mear mei dit kol leezje. It kolleezje hat yn de 2 jier neat foar elkoar krije kinnen. De hear Zijlstra (CDA): As men de stekker derút lûkt wat soe dat dan oplosse? Wat smyt sa'n fertraging dan op? De hear Seldenrust (FNP): Men soe mei de provinsje oerlizze moatte om deskundichheid te krijen. Mefrou Dekker (PvdA): Wol de FNP dan ek in brede skoalle lykas de VVD no ek oanjûn hat? De hear Seldenrust (FNP): Hy kin net op elke opmerking fan mefrou Dekker reagearje. Har eigen partij moat mar ris hearre litte wat dy wol. Mefrou Meinderts (CDA): Der is in protte ynvestearre yn de brede skoalle troch gemeente en par tisipanten. Opsje 2, skoallen mei allinne mar in gymseal, is foar it CDA gjin opsje. Opsje 3 is sa breed mooglik. Ek al soe it noch ien jier duorje dan soe dit dochs de béste opsje wêze. Hoe mear brûkers der binne hoe effisjinter it is. Men moat de mooglikheden foar de bern fan 0 oant 17 jier sa breed mooglik ûndersykje en dan yn in gebou as ien gehiel. Sy leaut ek net dat men fierder komt mei inoar negatyf te bekritisearjen. Pagina 4 Ferslach riedsgearkomste 17 jum/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5