De hear De Boer (PvdA): Hy heart mei fernuvering nei de lûden. Der is gjin sprake fan arrogânsje by syn partij. Mar it hat te meitsjen mei ambysjes en it ferskriklik graach realisearje wollen fan sokke foarsjennings foar de bern en de boargers. De sportferienings en oare ynstânsjes seagen in kâns en der is in prachtich konsept kommen. Spitigernôch wie it finansjeel net helber. Mar spoar 2 is foar de PvdA gjin opsje. It docht gjin inkeld rjocht oan de ynset fan de partisipanten en de frijwilligers en it lost ek neat op fan it tekoart. It konsept brede skoalle stiet foar de PvdA as in peal boppe wetter. Jou it kolleezje 3 moannen de kâns en de romte om al it mooglike te ûndersy- kjen. De hear Bouma (VVD): Dus de PvdA wol net mear de brede skoalle lykas doedestiids yn oktober 2007 besletten is (punt 3)? De hear De Boer (PvdA): It konsept brede skoalle bliuwt foar de PvdA oerein stean. En dat is wat oars as in bulte stiennen mei in dak derboppe. De hear Hemminga (GB): Men is tiden dwaande om in brede skoalle te realisearjen. Dat is dus nei 1 2 jier krewearjen lykwols net slagge, want it jild is der net. Der binne yn de léste jierren ferskate sinjalen jûn dat it finansjeel speak rinne soe. It rûn ek fêst mei de partisipanten, dy't net in twa kear sa hege hier opbringe kinne en wolle. Der is neffens him net altyd goed harke nei de krityske lûden fan benammen de net-kolleezjepartijen en dat is tige frustrearjend. Bepaalde oare belangen hawwe yn it proses fan de bepaling fan de lokaasje ek in rol spile. Op in gegeven momint kaam de wethâlder der net mear út en kaam der in stjoergroep. Der soe foar 1 juli absolute sekerheid wêze. GB sjocht net folie yn in fierder útstel. De fuortsmiten 5 miljoen euro komt del op sa'n 250 euro de ynwenner. Is it dy priis wol wurdich dat der no gjin foarstel foar de bou leit? By de st joergroep en it kolleezje ûntbrekt de kwaliteit en de kapasiteit om op koarte termyn mei in goed foarstel te kommen. Hy hat fan tichtby meimakke hoe't yn betreklike koarte tiid it nije gebou fan de OSG ta stén kommen is. Dan hat men dochs net 12 jier nedich om ta de bou fan brede skoal- len te kommen? GB fynt dat it no de tiid is om te sizzen wat men no echt wol. Spoar 1 is net helber en spoar 2 bliuwt oer. Spoar 3 lost neffens GB neat op en sil dan ek net liede ta in goed foarstel. De bern moatte in goede húsfesting hawwe en dêrom moat der sa gau mooglik boud wurde. In brede skoalle is neffens him ek net bûn oan ien gebou. De foarsitter: Hij schorst de vergadering op verzoek van het college. De foarsitter: Heropent de vergadering. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het is een meningsvormende vergadering, maar er zijn bijna geen vragen gesteld. Het college zal ervoor blijven knokken om het concept van de brede school te realiseren. Want dat verdient de jeugd van Akkrum en Grou. Sommige opmerkingen hebben het college als bestuur geraakt, maar toch wil het college doorgaan. In de inspraakreacties wordt overwegend gepleit voor een brede invulling. Er wordt ook al met de provincie gepraat en de gesprekken met de partners worden voortgezet. De scholen worden ge realiseerd en men wil daarbij zodanig bouwen dat de functies van het concept eraan toegevoegd kunnen worden. Omdat er geen verdere vragen gesteld zijn, laat het college het bij deze korte re actie. De foarsitter: Stelt de insprekers in de gelegenheid om nog een reactie te geven. De hear Wijnstra: Hy wol de hiele ried derop oansprekke om dochs de brede skoallen yn Akkrum en Grou der te krijen. Pagina 5 Ferslach riedsgearkomste 1 7 juni/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6