De hear Zijlstra (CDA): Soe men dochs better wachtsje kinne op de WABO, want dan kin men letter miskien gebrûk meitsje fan gemeenten dy't der al mei dwaande binne. Wethâlder Minkes: De hear Riemersma hat gelyk. De gemeente sil dochs har rol ferfolje moatte op it mêd fan fergunn.ngs. Sa feroarje de boufer- gunnings per 1 july. It liket har net goed dat men yn de wacht sitten giet. Boarnsterhim hat ek syn eigen karakteristike saken. Earst freget men om jild en dan docht men wat. As B-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om fêst te stellen de feroardering Wet geurhinder en veehouderij De hear Van der Sluis (VVD): Hawwe de beswiermakkers berjocht krige oer de definysjes dy't oan de feroardering tafoege binne? It is posityf dat de wethâlder ta it ynsjoch kommen is dat de feroardering wol feroare wurde koe. De VVD is foar it foarstel. De hear De Visser (PvdA): Der stiet yn de nota fan taljochting by punt 7 'bij een uitbreiding van de veebezetting de complete veebezetting buiten de grensafstand worden gehuisvest De LTO koe deryn meigean. Moat de nota dan oanpast wurde? Hy neamt oan dat de lanlike feroardering op de achterkant stiet. Want oars begrypt er punt 3 net. Mefrou Meinderts (CDA): It is moai dat de reaksje fan de LTO oernommen is. It CDA is foar it foarstel. Wethâlder Minkes: It is de goede gewoante dat ynsprekkers antwurd krije. It is yn alle gefallen wol mûnling kommunisearre. In tal definysjes is ferdudlike. Foar de LTO gie dat om de definysje fan it 'stand still' begjinsel. Dat hat ta de útkomst laat dy't yn de feroardering stiet. Sy begrypt de opmerking oer punt 3 net. De hear De Visser (PvdA): De feroardering is dochs foar Boarnsterhim feroare? Wethâlder Minkes: Yn artikel 1 stiet de regeling fan Boarnsterhim en foar de rest fait men werom op de wet. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel begruttingswiziging programma Volkshuisvesting De hear Van der Sluis (VVD): In ûndernimmer hat in kontrakt sletten mei de gemeente en dat kaam derop del dat er foar de planskea opdraaie soe. Is dat kontrakt wetterticht? Wethâlder Minkes: De planskea-oerienkomst is in modeloerienkomst dy't checkt is troch deskun digen. Dat is neffens har op dy wize goed regele. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.10 Foarstel om fêst te stellen de tariven foar de gemeentlike fêste lisplakken De hear Seldenrust (FNP): It stik ropt fragen op. Neffens him doge de bedraggen yn de bylage net Nei de ferheging fan de ozb en de heffingen geane de lisjilden no ek noch omheech. Soms moat men seis it dûbele betelje. De FNP is op himsels net tsjin in ferheging, mar hjir hat de boar- qer qjin kar en de ferheging is fierstente heech. De ynwenners fan de gemeente wurde neffens him hjirmei tekoartdien. By it snippergrien hat de FNP in foarstel oer in fasearring fan pr.zen dien. Hjir is soms ek wer sprake fan in ferdûbeling (of mear) fan de tariven. Pagina 14 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10]uny 2008/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 18