De hear Zijlstra (CDA): Binne der miskien mear saken yn de organisaasje dy't men better net út-
besteegje kin?
De hear Van der Woude (PvdA): Hy soe graach yn alle stikken de bedraggen sûnder btw sjen.
Wethâlder Van der Meulen: As men in kredyt oanfreget, moat men it ynklusyf btw oanjaan. Hy
hopet dat net wer in stik te let foarlein wurdt. As men tinkt dat men it better seis dwaan kin dan
sil men dat ek dwaan.
As A-stik nei de ried.
3.14 Foarstel ynhier fan tredden 3e kwartaal 2008
De hear Van der Woude (PvdA): Der is no sprake fan in minder negative Ontwikkeling. It past
reedlik yn it byld dat sketst is troch it kolleezje en de PvdA kin dan ek foar it foarstel wêze.
De hear Hemminga (GB): It past aardich by it earder sketste byld fan it kolleezje. Hy soe graach
in oersjoch hawwe wolle fan de f rijf al fan fakatueres en de korreksjes.
De hear Bouma (VVD): Wat foar gefolgen hat it dat de finansjele meiwurker der net komt?
Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe ek graach it troch de hear Hemminga frege oersjoch hawwe wolle.
Wat sil it léste fearnsjier noch opsmite?
De hear Zijlstra (CDA): Alles is neffens him al sein.
De hear Meulenbelt: Er zal een overzicht met uitsplitsing gemaakt worden. De concerncontroles
worden via een interne verschuiving van taken uitgevoerd. Waarbij zo veel mogelijk de afspraken
van de provincie nagekomen worden. Het komt niet meer op het overzicht terecht.
De foarsitter: Men is bezig om zo snel mogelijk iemand anders voor het invullen van de vacature
te vinden.
De hear Meulenbelt: Er wordt momenteel weer een aantal vacatures ingevuld. De netto-bedragen
gaan daardoor naar beneden. Men heeft de mensen echter niet aan een touwtje.
De foarsitter: As A-stik nei de ried.
3.15 Foarstel om net yn te stimmen mei it fersyk om iepenbier te meitsjen de fertroulike
stikken oangeande Brede Scholen Grou Akkrum
De hear Bouma (VVD): It wie wat in keunstmjittige beäntwurding fan de fraach oer de geheim-
hâlding yn de eardere gearkomste. It is neffens him dan offisjeel ek net geheim. Helje de geheim-
hâlding dêr óf.
De hear Seldenrust (FNP): Hy is it iens mei de hear Bouma. De FNP fynt dat saken dy't lepenbier
wêze kinne ek yn de iepenbierens komme moatte.
De hear Hemminga (GB): De fraach is yn hoefier it in formeel beslút is of net. Der wie betizing
oer en it wie gjin dúdlik beslút fan de ried. It kolleezje soe neisjen moatte hoe't it juridysk yn el-
koar stekt.
Wethâlder De Vries: Der wurdt ferwiisd nei de notulen. It kolleezje komt ta de konklúzje dat der
wol deeglik in riedsbeslút ta stân kommen is. It fersyk kin allinne mar honorearre wurde as de
Pagina 18
1 03 Ferslach riedsgearkomste 10]uny 2008/odab/18