BOARNSTERHIM
Griffy
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 24 juny
2008 om 13.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, J.W. de
Visser, B. de Jong, H. Vellinga en R. van der Woude
fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer
fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en
de hearen A.J. de Vries en D. van der Meulen
Fan de jongereinried:
Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris)
1. ALGEMIEN
11 lepenje
De foarsitter iepent de gearkomste en hyt alle oanwêzigen wolkom.
1.2 Fêststellen fan de wurklist
De foarsitter: Er is een gewijzigd voorstel van de voorjaarsnota uitgedeeld, waarvan men voor
eerst kennis kan nemen. Agendapunt 3.2 is geen meningsvormend stuk maar een informerend
stuk en wordt daarom als 2.5 op de agenda geplaatst.
De hear Seldenrust (FNP): Freget oft it mooglik is oft de belanghawwenden (camping Tusken de
Marren) ek ynsprekke kinne op 2.2. Der hat wat miskommunikaasje west. De FNP soe graach
wolle dat de minsken de gelegenheid krije om har miening kenber te meitsjen.
De foarsitter: Zij wijst erop dat de raad de afspraak heeft gemaakt dat men bij informerende
stukken geen inspraakmogelijkheid heeft.
Mefrou Dekker (PvdA): Der hat yndied gjin goede kommunikaasje west. Sy hat seis mei guon
minsken praat en dy wisten ek dat men net ynsprekke koe. Men hat der lykwols mei oare
riedsleden krekt foar de gearkomste oer praat en mei it each op de grutte belangstelling op de
publike tribune soe sy dan ek foar in útsûndering pleitsje wolle.
De hear Hemminga (GB): Hy soe op grûn fan deselde argumintaasje wol in útsûndering meitsje
wolle.
De foarsitter: Stelt vast dat de raad ermee instemt dat er mogelijkheid voor inspraak is. Dit zal
plaatsvinden aan het begin van het informerende deel.
1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 juny 2008/odab/1