De hear Hemminga (GB): GB is foar it plan. Der kinne neffens him ek noch wol wat peallen fer- dwine. GB is benijd nei de fierdere finansjele útwurking. Wethâlder Minkes: Gjin miljeubeliedsplan, mar wol 'meiswinge' mei inisjativen. Men hat de tiid ek mei As de ferljochting der ien kear stiet dan kin it in wurking hawwe nei de oare doarpen. Yn in miljeubeliedsplan kin men oanjaan hoe't men de doarpen derby beluke kin. De lampen baarne sa n 35 jier by 4 baarnoeren deis. Elk riedslid krijt in LED-lampe mei. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan ynspraakreaksjes en beäntwurding Bestimmingsplan Mefr'oi^Melnderts (CDA): Guon nije gebouwen binne noch net yntekene op de plankaart. Hoe giet men dermei om? Sy soe derfoar pleitsje wolle dat men net al te strak omgiet me. de bepalingen yn it bestimmingsplan. De hear Van der Sluis (VVD): Men moat jin noch hyltyd dêrfoar skamje dat noch net alles der qoed op stiet. Hy sjocht in bedriuw dat nei in protte krewearjen yn it bestimmingsplan butenge- biet kommen is. mar no steane de pylken fan de ütwreidingsrjochting der net op. Sa hat men der wer in hiel protte wurk fan om it goed te krijen. Dat fynt er in tige spitige saak. It moat wol op besjen lein wurde. Wethâlder Minkes: It is in hiele klus om alles der goed yn te krijen. Men kin net rom mei in bes timmingsplan omgean. De LTO makket har benammen sterk foar de untwikkeling fan de boere bedriuwen en neffens har jout it bestemmingsplan dêrta aardich de romte. Der binne sa'n 100 reaksjes foar it hiele bûtengebiet binnenkommen. It untwerp is no de yn- spraak yngien. Men hat de reaksje fan de Kommisje fan Oerlis net ôfwachte fanwegen in tekoart D^pylken steane miskien net op de kaart, mar dat hat fierder gjin ynfloed op de rjochten dy't derop lizze. 2.5 Foarstel ferpleatsing sport Nesserdyk De foarsitter wiist derop dat der noch in memo fan de sport yn Grou omparte is. De hear Bouma (VVD): De finansjele opset wie oars. In diel wurdt akiveard en in diel komt yn de jierlikse lesten werom. Wêrom is foar dy wei keazen? Der ûntbrekke noch in tal saken yn it op- setsie De 'aankoopbare gronden' fynt men bygelyks net werom. Dan sit der dochs in gat yn. De ôfskriuwing fan de reserve is ek net 20 mar 19 jier. De VVD wol de alternativen neist inoar sjen. Hy hat in bytsje it fermoeden dat der sprake wêze kin fan kreatyf boekhalden. De hear Seldenrust (FNP): De memo jout gelokkich oan dat der ek saken goed geane yn Boarn- sterhim. Der wurdt útgien fan in budzjetêr neutrale ynfolling. Yn 2006 is der in kredyt foar fest- steld. Mar dan lést er fierderop 'en zullen u vervolgens in september 2008 voorstellen om het be nodigde krediet beschikbaar te stellen'. Hoe sit dat no krekt? De hear Looijenga (CDA): It is in unyk projekt mei positive foarútsichten. Men moat lykwols de finânsjes helder yn byld hâlde. Hy is ek bliid mei de memo fan de sport út Grou. De hear De Boer (PvdA): De memo jout it treflik oan hoe't men deroer tinkt. De PvdA hat der ek tige goede gefoelens by. Alle partijen binne wiis mei de gong fan saken. It soe ek in ympuls oan de brede skoalle jaan kinne. De hear Van der Meer (GB): Hij kan zich aansluiten bij de positieve geluiden. Er zijn verenigingen die erg opzien tegen de verwerking van de omzetbelasting. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 juny 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 31