Wethâlder De Vries: Hy is tige bliid mei de positive reaksjes. Men moast op tiid oan de slach mei de fjilden om yn dêr foar in part yn 2008 en fierder yn 2009 op sporte te kinnen. Men hat de utjeften en ynkomsten mei inoar yn balâns hâlde kinnen. Mei koe noch net mei in finansjeel foar- stel komme fanwegen it trajekt dat men mei de provinsje trochrinne moat. Yn septimber sil it foarstel foarlizze. Der is dus by de hantekening it foarbehâld fan goedkarring fan ried en provins je. De bedraggen wurde beskikber steld om it projekt op gong te krijen konfoarm de oersichten dy't men krige hat. Men hat te meitsjen mei begruttingsregels en dêrom moat men in part aktiveare omdat it in yn- vestearing fan ekonomysk nut is. Dêrtroch krijt men ek ynkomsten en dy wurde yn de foarsjen- ning stoart. De provinsje har dêr ek posityf op reageard. Der is gjin sprake fan kreatyf boekhâl- den, oars hie Deloitte of de provinsje dy der wol úthelle. Alle tariedingskosten binne yn it projekt ferwurke en der wurdt net om nije krediten frege. Alle ferienings hawwe ynstimd mei de btw- regeling; it kantinediel is dêrfan útsletten. Dat bedrach hat men wol yn de finansjele opset ûnder- bringe kinnen. De tennisferiening wie earst noch wat kritysk, mar is no posityf oer de foarstellen. Hy hopet freed de hantekening sette te kinnen. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.6 De hear Galema sprekt yn op agindapunt 3.4. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel ferpleatsing sport Nesserdyk yn Grou Dit punt is yn it mieningsfoarmjende part ûnder 2.5 behannele. 3.3 Foarstel oanpasse grûneksploitaasjes 2008 Mefrou Meinderts (CDA): It giet om in ynhelslach en it is in stap yn de goede rjochting. It bringt de risiko's yn kaart en it wurdt ynsichtliker. De opbringst fait lykwols wat óf. Foar Frisia soe it CDA fêsthâlde wolle oan de wetterbûne bestimming. Kin de gemeente lykwols oan de fraach fan oare bedriuwen foldwaan? De hear Seldenrust (FNP): Der is de gemeente in bedriuweterrein (Reduzum) troch de noas board. It soe moai wêze dat men ek yn de takomst goed ynformeard wurdt oer de grûneksploitaasje. De opbringsten falie yndied wat of. It stik oer de Garde Jagerswei is net dúdlik. 'Het is te verwach ten dat het positieve resultaat gehaald wurdt en eventueel nog iets verbetert indien de planscha- dekosten meevalllen. Vooralsnog wordt hier niet vanuit gegaan'. Wat ferwachtet men no eins? Datselde lést men ek by Spikerboor. Fierder hat er in fraach oer de passaazje 'Dit resulteert in een geraamd verlies op het complex UTD van 42.350 euro en een goede geraamde winstneming op het complex Garde Jagerswei van 132. 817 euro. Per saldo een positief resultaat voor 2008 van 90.467 euro'. Sokke saken dy't los fan inoar steane, kin men neffens him net mei inoar ferlykje De hear Van der Sluis (VVD): It hie earst behannele wurde moatten yn de grûnkommisje. De VVD fynt dat it ynsichtliker wurden is. Men is lykwols minder posityf oer de wat tsjinfallende ynkom sten. Wat is de miening fan de provinsje oer de ferromming foar Frisia? Hoe sit it mei de plans- keakosten? Dy soenen dochs ferhelle wurde op de ûntwikkelers? Wêrom is der twifel oer in sub- sydzje by Spikerboor? De hear Hemminga (GB): It bliuwt in lestige problematyk, mar it liket him goed dat de ried elk jier sa ynformeard wurdt. GB hat noch wol wat soargen oer de risiko's dy't men by Frisia rint. Wethâlder De Vries: It is in goede saak dat it stik der no leit en dat men jierliks ynformeard wurdt. Yn it ramt fan de rjochtmjittichheid is it ek fan belang dat men dermei ynstimt. De kom- Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24juny 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 32