De hear Seldenrust (FNP): Op side 3 stiet dat PB Akkrum de foardielen en feilichheid derfan (of- stânsbetsjinning) ynsjocht. Hy hat dêr sa syn twifels oer. De hear Van der Sluis (VVD): De oanpak by de Weidlânsbrêge kostet 14.000 euro. Dat soe net foar rekken fan de gemeente wêze moatte. As it net oars kin, dan moat men op ôfstân betsjinje. De hear Looijenga (CDA): It is in kostenpost fan 14.000 euro. Is it wol nedich foar de rekreaasje? Is der gjin plak om oan te lizzen? De hear Vellinga (PvdA): Giet it by de 14.000 euro oer itselde bedrach as út de foarjiersnota? Hie der net as punt 4 by it foarstel stean moatten dat men it bedrach foar kundskip oannimme kin. Hoe sit it it mei provinsjaal finjet? De hear Hemminga (GB): De fragen binne al troch de oare fraksjes steld. Wethâlder De Vries: It is op deselde wize gien as mei de oare ûnderdielen fan it Fryske Marrepro- iekt Men hat in petear hân mei PB en foar har wie it wichtichste dat der draachflak wie by de omwenners fan de brêge. De technyk by ôfstânsbetsjinning is de léste jierren tige ferbettere. Men wol dit no earst útsykje litte. Krijt men it draachflak net dan komt der in betsjinningshuske. De hear Zijlstra (CDA): Moatte de bewenners fan Akkrum altyd ynstimming jaan oan plannen? Wethâlder De Vries: It kolleezje moat har maksimaal ynspanne om draachflak te kreëarjen foar in plan. Men soe minsken meinimme kinne nei in betsjinningssintrum om sjen te litten hoe't it yn de 80%Vfan de boaten kin no Onder de spoarbrêge troch. De provinsje woe wol ynvestearje yn de spoarbrêge mar dan moast de gemeente wol wat dwaan oan de betsjinning fan de folgjende bre- ge. Men moat foar ien jier de kosten seis betelje. It giet yndied om itselde bedrach fan 14.000 euro yn de foarjiersnota. De gedachte fan in provinsjaal finjet sil útwurke wurde. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan it fêststellen fan de strjitte Aalsum yn Grou Mefrou Veldstra (FNP): De FNP-fraksje is benijd wannear't yn de ried de namme fêststeld is. Is der ek oan de Fryske namme Ealsum tocht? It hiele gebiet bestiet ek út Fryske strjittenammen. Wethâlder De Vries: Hy wol noch ynformearje nei de nammejouwing. It kolleezje sil der skriftlik op weromkomme. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.15 De hear Bouwmeester sprekt yn op punt 3.2. Sjoch bylage. De hear Galama sprekt yn op punt 3.15. Sjoch bylage. De hear Bouma (VVD): Der is neffens in stik yn de Midfrieslander nijs oer de brede skoalle. De ried hat in memo krige dêr't yn stiet dat men 16 juny bypraat wurdt. Hy fynt it net korrekt dat de ried pas folie letter ynformearre wurdt en dêrom soe er it no oer de brede skoalle hawwe wolle. De foarsitter: Het artikel in de Midfrieslander is buiten het college om gegaan. Zij kan nu niets nieuws over de brede school meedelen. Mefrou Dekker (PvdA): Men kin woansdei de stikken krije en dan kin men der op 16 juny fragen oer stelle. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10 juny 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7