De gemeente hat jierren lang minsken net oanskreaun oer de grêfrjochten en no krije guon mins- ken in rekken fan wol 1 600 euro. De befoardering fan it Frysk kin neffens de FNP wol nei pro gramma 6. Hoe sjocht dy befoardering derút? Is der kredyt foar de ferfanging fan de brêge yn Eagum yn de begrutting fan 2009 opnommen? Ekstra middels foar earmoedebeleid. Sy wiist derby op passaazjes yn in rapport. Oer de gemeente Boarnsterhim stiet dêryn 'er is op de site geen directe verwijzing naar kwijtschelding aanwezig. ...dus zullen burgers niet snel in de gaten hebben dat het ook om kwijtscheldingsmogelijkheden gaat een directe mogelijkheid om te downloaden zou misschien handiger werken. Uitgegaan wordt van 100% van de bijstandsnorm. Kwijtscheldingsmogelijkheden voor waterschapsbelasting worden niet duidelijk vermeld'. Graach in reaksje. Men fynt dat persoanen op har dieden fan fandalisme oansprutsen wurde moatte. Is der wolris oer kameratafersjoch op de skoallepleinen neitocht? Men soe de bestimmingsplannen mei faasje aktualiseare en no wurde dy temporiseard. De claim fan Westerbaan. Wa is ferantwurdlik foar de diene tasizzings? Hoe stiet it mei de precariobelesting? Hoe kin de hûnebelesting leger wêze? Hoe kin it dat de wervingskosten foar de manager stypjende tsjinsten 25.000 euro heger útfalle? De hear Zijlstra (CDA): It ynsicht yn de finansjele posysje is ferbettere. It is ek in stik fan de hiele organisaasje en net mear allinne fan de ôfdieling finânsjes. Op side 7 skriuwt it kolleezje dat de begrutting stadichoan realistysker en stabiler wurdt. Men soe de ferklearring fan rjochtmjittich- heid oer 2009 wer krije wolle. Wurdt dat helle? Hy nimt oan dat it mislearjen fan de gearwurking fan de brânwacht har fertale sil nei de begrut- ting. - L, Hy gie derfan út dat der op 1 septimber mear dúdlikheid wêze soe oer de grêfrjochten. Hoe sit dat? Der wurdt gjin subsydzje binnenhelle foar ûnderhâld foar monuminten. It CDA hat faker plei te foar in stichting. Bart dat noch en kin men it yn gearwurking mei Ljouwert dwaan? En oars soe men mei outsourcing wurkje kinne. Is der neitocht oer it gebrûk fan ierdgas of biodiesel? Der stiet neat by it programma 'Werk en en bestaansrecht' oer it befoarderjen fan de wurkgele- genheid of om as gemeente ûndernimmersfreonliker te wurden. Kin men dêrby ek oan gearwur king tinke (Skarsterlân)? It is posityf dat it syktefersom ôfnimt. De foarsitter: Zij wijst erop dat er een spreektijd is van 5 minuten in de eerste termijn en van 3 minuten in de tweede termijn. De hear Bouma (VVD): Spitigernôch bliuwt men yn de ferliessfear. Men soe noch ynformaasje krije oer it Fryske Marreprojekt. Men hat ek net in rapportaazje krige oer de bestimmingsplannen. Der binne in tal pm-posten en ek it tariedingskredyt foar de brede skoalle is net meinommen. It wjerstânsfermogen nimt óf en sa buorket men hyltyd mear achterút. As men alle saken optelt dan komt men hast op in ombûging fan 9/10 miljoen út. De finansjele situaasje bliuwt soarglik. De hear Hemminga (GB): It net útfieren fan ynvestearings soe trije ton minder kapitaallêsten mei him meibringe, mar it is neffens him it foarútskowen fan wurk. Dan jildt ek foar it bringstasjon (80.000 euro) en it ferskil soe dan neffens him ek 380.000 euro grutter wêze moatte. Oangean- de it wjerstânsfermogen: De brede skoalle ûntbrekt noch. It minimum en maksimum fan de risiko's leit tusken de 3 en 8 miljoen. Der binne dus nochal wat risiko's. De ferkeap fan stille reserves is neffens GB in omsetting yn jild en dat jout gjin inkelde ferheging fan it wjerstânsfermogen. Ek it meinimmen fan de subsydzje foar de Dillesyl yn de ta- name fan it fermogen is diskutabel. Der is neffens him noch neat útfierd. Pagina 9 1 03 Ferslach nedsgearkomste 14 oktober 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12