De hear De Visser (PvdA): De PvdA-fraksje fynt it in dúdlike nota dy't goed op tiid is. De kop yn de Ljouwerter Krante oer de tekoarten wie net alhiel korrekt. Men begûn oan it begjin fan it jier mei in heal miljoen negatyf en no is it per 1 septimber 1,2 miljoen negatyf. Wat binne de finansjele konsekwinsjes fan it net trochgean fan de gearwurking binnen Klavertje- vier? De moasje Spekman hat derfoar soarge dat der ekstra jild beskikber kaam foar de earmoe- debestriding. Men moat derop oantrune dat de provinsje deryn meigiet om dat jild foar de skuld- helpferliening te brûken. Syn eigen partij sil der by de eigen steateleden ek op oandringe. Wethâlder Van der Meulen: Men is der wiis mei dat it stik der no al leit. It wurdt no droegen troch de hiele organisaasje.Tongersdei binne de stikken ferstjoerd en sa krijt hast elkenien de stikken op itselde tydstip. Men wol ek graach de parse de gelegenheid jaan om har stikken op- meitsje te kinnen. De rekkens oangeande de grêfrjochten binne konfoarm de ófspraken makke. Hy wol skriftlik yn- formaasje jaan oer de stân fan saken fia de jierreken. Mefrou Veldstra (FNP): Men hat hiel lang op de rekkens wachtsje moatten. In hiel protte minsken kinne sa'n bedrach net betelje. Wethâlder Van der Meulen: Men hat earder al ekskúzes dêrfoar makke. De kosten foar de brêge yn Eagum wurde ynsichtlik makke. It bliuwt lestich om fernielings troch de jeugd te efterheljen. It hinget ek óf fan de reeëns fan minsken om de dieders oan te jaan. Men wurket deroan om it foar 2009 foar elkoar te krijen dat men in ferklearring fan rjochtmjit- tichheid krijt. As men wat feroaret oan it gebrûk fan brânstoffen by it masinepark dan giet de kost foar de baat op. Sokke ynvestearings hawwe faak gjin posityf finansjeel resultaat. De hear Bouma sit mei syn berekkening fan de finansjele posysje net sa fier neist de realiteit en dat jout ek de opjefte foar de kommende jierren oan. GB hat wat in oare ynstek mei it each op kengetallen. Hy soe der yn de auditkommisje noch wolris op yngean wolle. Der is ynformaasje oer de Dillesyl ferstjoerd. Yn reaksje op de fraach oer it jild foar it earmoedbelied: Salang oft it gjin earmerke jild is, hat de gemeente dêryn fan de provinsje de hannen net frij. De hear De Visser (PvdA): De provinsje hat wol keazen foar in task force earmoedebestriding. Wethâlder Van der Meulen: De provinsje hat wolris twa gesichten. Mei de provinsje as tafers- jochhâlder binne der ófspraken oer de kaders makke. De hear De Visser (PvdA): De tafersjochhâlder hat ek in superieur dy't úteinlik in beslissingsfoech Wethâlder Van der Meulen: De kaders oer it tafersjoch binne neffens him helder en as GS dat net oars wol, dan bliuwt it sa't it is. Wethâlder Minkes: Sy foeget der noch oan ta dat de saak fan de 'kwijtschelding' in Onderwerp fan petear mei de kliïnteried is. Yn de takomst sil de 'kwijtschelding' lanlik automatiseard wurde. It útgongspunt is dat de aktualisearring fan de bestimmingsplannen foar 2013 klear is. It moat mei de beskikbere ynset en middelen en dêrom moat it temporiseard wurdt. Men krijt yn it 4e kwartaal in oersicht. Der is in bestjoersakkoard fan it VNG dat foarsjocht yn ekstra middelen foar de earmoedebestri ding en de hanthaving ensafuorthinne. Troch de opstelling fan de provinsje komt fan de gearwur king mei de sosjale résjerzje fan Ljouwert neat telâne. Men moat it neffens har ien stap heger as de provinsje sjen en wol nei de Twadde Keamer, want dy hat der gjin rekken mei hélden hoe't it Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 oktober 2008/odab/1Q

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13