Mefrou Veldstra (FNP): By de útlis fan de technyske fragen sei men fan de ôfdieling finânsjes dat dy der wienen. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat dêroer al wat tasein. Oangeande it punt 'beslútfoarming troch it kolleezje mar noch net fêststeld troch de ried': Foar it kolleezje is it in stikje ynformaasjefoars- jenning. Mefrou Veldstra (FNP): Der soe by stean moatte wêr't it om giet. Sa as op side 8 by 1.5. De foarsitter: Zij wijst erop dat het een vast format betreft. Als men niets over het onderwerp te melden heeft dan wordt de aanduiding 'niet van toepassing' gebruikt. Wethâlder Van der Meulen: It weromrinnen fan de hûnebelesting is Ontstien troch de mindere hanthaving. In hiel protte gemeenten wrakselje mei dat probleem. Guon heffe de belesting op en bringe it ûnder by de ozb-belesting. Oer de precariorjochten sil men noch ynformaasje krije. Wethâlder De Vries: Hy seit ta dat hy skriftlik ynformaasje oer de befoardering fan it Frysk jaan sil. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Zij stelt voor om in verband met de tijd en de aanwezigheid van een aantal mensen op de publie ke tribune de punten 3.5, 4.1 en 4.2 te behandelen en de rest van de agendapunten te verschui ven naar de volgende avond. De raad stemt hiermee in. 3.4 Foarstel oangeande Beslisnota Kaderrichtlijn Water/Water Beheer 21e eeuw en de Stedelijke Water Opgave Gemeente Boarnsterhim Dit punt wurdt ferskood nei de gearkomste fan 1 5 oktober. 3.5 Foarstel oangeande bou-oanfraach skiphûs Wjitteringswei 1B yn Jirnsum De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA is net wiis mei it foarstel dat foarleit. As de ried beslút om meiwurking te ferlienen oan in bouplan dan ferwachtet men dat men dan in posityf skreaun ferhaal krijt en dat it mei in goede Onderbouwing nei de provinsje giet. It fernuvert him ek oft by de arguminten wol de krekte ferhâlding oanwêzich is. Foar de meiwurking is der ien argumint en foar de ôfwizing binne der in tal arguminten. It kolleezje soe in foarstel meitsje moatte dat oerien- komt mei de wize wêrop't sokke foarstellen skreaun wurde as de ried mei in artikel 19 prosedue- re fierder gean wol. De hear Hemminga (GB): Hy slút him dêrby folslein oan. De hear Van der Sluis (VVD): Tinkt der ek sa oer. Mefrou Meinderts (CDA): Sy slút har dêrby oan. De hear Riemersma (FNP): De hear Van der Woude hat it treflik ferwurde. Wethâlder Minkes: De ried fûn dat men de oanfraach yn behanneling nimme moast. Om in artikel 19, lid 1 proseduere yn behanneling nimme te kinnen wurdt der frege om in romtelik Onderbou wing. Dy wurdt beoardield troch deskundige amtners en dy kamen ta de konklúzje dat de Onder bouwing net goed genôch is. Dat hat úteinlik laat ta it foarlizzende foarstel. De ried wol dat it kolleezje it no nei in winske einresultaat taskriuwt en dat kin net. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 oktober 2008/odab/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 15