De hear Van der Woude (PvdA); Dat is sa, mar dan moat it foarstel wol konsistint wêze. Der stiet 'De onderbouwing is op twee wezenlijke onderdelen ontoereikend'. Dy konstatearring wurdt lyk- wols twa alinea's fierder ôfswakt mei de wurden 'de vraag is of deze ruimtelijke onderbouwing voldoende is". Is it no al of net diskutabel? It kolleezje soe ris neitinke moatte oer in oar stik. Wethâlder Minkes: Sy wiist derop dat de eigentlike beslissing oan de provinsje is. De hear Hemminga (GB): Oft de ried fynt dat it yn in bepaalde rjochting realiseard wurde moat dan moat it kolleezje oan dy opdracht foldwaan. It doel fan de ried is dat de artikel 19 proseduere folge wurdt en dat men de provinsje gjin arguminten yn hannen jaan moat om it ôfwize te kinnen. Wethâlder Minkes: De gemeente hat de plicht de romtelike Onderbouwing te beoardielen. De ried hat it foech oer de artikel 1 9 proseduere. It bestjoer moat de oanfraach yn alle yntegriteit behan- nelje. Mefrou Esser (PvdA): Hat de wethâlder mei de oanfreger oerlis hân oangeande de twa neamde Onderdielen? Wethâlder Minkes: De feiten lizze der. Men bout yn in besteande omjouwing. De oanfreger moat oantoane wêrom it yndividuele belang boppe it algemiene belang útgiet. Mefrou Esser (PvdA): Der stiet dat de oanfreger nei it streekplan ferwiist sûnder dat fierder te motivearen. Dat soe er dus noch fierder motiveare kinne. Wethâlder Minkes: De romtelike Onderbouwing leit by de stikken. Der wurdt allinne ferwiisd nei it streekplan. De wethâlder jout noch oan dat sy de wetlike kaders net feroarje kin. Mefrou Esser (PvdA): It giet derom dat men motiveare kin op hokker wize it bydrage kin oan de kwaliteit. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.3 oant 4.5 De hear Jelsma sprekt yn op 4.2. Yn it stik fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch stiet dat men fan de gemeente yn desim- ber 1995 alle stikken nei de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch opstjoerd hat. De gemeente en de provinsje ferskûlje har achter de opstelling fan Rykstsjinst foar de Monumintesoarch. Hy snapt dat net want yn syn keapkontrakt stiet hiel dúdlik dat soks net kin. 4.2 Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it fersyk om twa wenningen te realisearjen op it perseel Leeuwarderweg 65 yn Wergea De hear Seldenrust (FNP): Hy woe 14 dagen wat mear helderheid hawwe oer de brief. De feiten binne foar de FNP de grijnslach foar de beoardieling. De brief fan de Rykstsjinst foar de Monu mintesoarch docht der fierder net mear ta. De gemeente wurdt oerruled troch de opstelling f.-.i de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch. It jout de hear Jelsma wol de gelegenheid om syn rjocht hegerop te sykjen. De FNP sil ynstimme mei it foarstel. De hear Van der Sluis (VVD): It giet hjir om in moai plakje yn Wergea. Fan de kant fan de hear Jelsma kin men troch de rige beammen it Aid Slot net mear sjen. Dêrom snapt hy de opstelling Pagina 14 1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 oktober 2008/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 17