gingstekoart. Dat leit neffens him op it buordsje fan de gemeente en net op dat fan Wetterskip Fryslân. De hear Riemersma (FNP): Op side 5 stiet dat de ôfkeppeling fan de iene hektare yn Akkrum sa'n 250.000 oant 500.000 euro kostje sil. Hoe komt men oan dit ferskil? Yn Nes mjitte se de stream óf wat der yn Akkrum bart. Dan streamt it wetter dus omheech. Kin dat útlein wurde? De hear Hemminga (GB): It hat in hiel oerlissirkus west. De KRW moat ta in konkrete útwurking komme. Wat foar finansjele konsekwinsjes bringt dat foar de gemeente mei? Wethâlder Van der Meulen: It wie yndied in grut oerlissirkus. De úteinlike doelen binne no wol re- eel. De measte kosten komme foar rekken fan provinsje en wetterskip. Boarnsterhim moat it as wetterrike gemeente fan skjin wetter hawwe. De nota is neffens it kolleezje dêrta in prima oanset en it bringt net altefolle kosten foar de gemeente mei him mei. Hy giet derfan út dat men yn de eagen fan Brussel de saak foldwaande oanpakt. Mefrou Dekker (PvdA): De VVD kin net ynstimme omdat ûndúdlik is hoefolle kosten deroan fer- bûn binne. Wat sil it neffens de wethâlder ûngefear kostje? Wethâlder Van der Meulen: Der sitte maatregelen yn dy't men dochs al nimme moast en dy foar in part ek al yn it GRP sitte. De ekstra kosten sille tige beheind wêze en miskien binne dy der hie lendal net. Yn it gebiet sil ek boud wurde en dan kin men yn oerlis mei wetterskip en eigner de kosten sa folie mooglik beheine. Dat is de reden fan it ferskil tusken de minimale en maksimale kosten. De dekking is te finen yn it noch fêst te stellen nije GRP. De oanpak fan de Alde Feanen fait ûnder ferantwurding fan it Nasjonaal Park de Alde Feanen. Maatregelen tsjin ferdroeging dêr sille dan ek gjin ekstra kosten foar de gemeente mei him mei- bringe. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Kin der fanút Brussel ek ferplichtings oplein wurde? Hy fynt dat de ge meente har eigen keuzes meitsje moatte kin. De hear Zijlstra (CDA): Hy wol him der noch oer beriede. De hear Riemersma (FNP): Hoe sit it mei it mjitpunt by Nes? De FNP fynt fansels ek dat it wetter sa skjin mooglik wêze moat. Hy kin him fierder wol fine yn de 4 punten. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wie benaud dat der ekstra kosten út fuortkomme. De VVD wol gjin ferplichtings fanút Brussel oplein krije. Wethâlder Van der Meulen: Mei 'stroomafwaarts' bedoelt men dat men fanóf it lozingspunt begjint te mjitten. De hear Riemersma (FNP): Der stiet dat der yn Nes in mjitpunt is en dat soe dan mjitte wat der yn Akkrum bart. Soks kin dochs net? Wethâlder Van der Meulen: It wetter fan de Boarn streamt soms twa kanten út. Der kin bygelyks yn de boezem stuwing wêze en dan streamt it de oare kant út. De hear Riemersma (FNP): It kin neffens him net, want it wetter streamt meastentiids net om heech. Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 22