Wethâlder Van der Meulen: Men sil mei pylkjes de rjochting fan de streamingen oanjaan. As men minimale maatregelen nimt hat men minder kâns dat men troch Brussel op de oanpak oansprutsen wurdt. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 4.3 Moasje CDA Millennium gemeente De hear Looijenga (CDA): Men krige in tal wiken lyn fan de VNG it oanbelangjende rapport. Hy wol graach dat Boarnsterhim de 7e milenniumgemeente wurdt yn Fryslân. It giet derom dat men stipe jout oan de bestriding fan de earmoede en dat men war docht om sykte en honger werom te kringen. It giet om in stikje bewustwurding. It heljen fan de doelen kin men berikke troch û.o. gebrûk te meitsjen fan sertifiseard hout en en it werombringen fan de C02-útstjit. Men kin mei oare gemeenten, lykas yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert, duorsum en goedkeap ynke- apje. Men hoecht as gemeente ek net seis it tsjel út te finen. By de yntinsjeferklearring sizze de gemeentes ta om yn 2010 minimaal 75% duorsum yn te keapjen en yn 2015 moat dat 100% wêze. Men moat dêrby foldwaan oan troch SenterNovum fêststelde duorsumheidsfoarwearden. Men moat fan it regear yn 2010 al foar 50% duorsum ynkeapje. Hy soe dan ek pleitsje wolle foar in pro-aktive opstelling fan de gemeente. Mei al dy maatregels stipet men ek de milenniumdoelen. It hoecht net mear te kostjen omdat der no ek al in amtner foar de ynkeap is en der binne no ek al ûnderhâldsplannen. Wethâlder Van der Meulen: It is in nobel inisjatyf. Men docht al in tal saken op it mêd fan in goed miljeu. In punt binne fansels wol de ekstra kosten. It kolleezje wol dan eksakt witte wat de fi- nansjele konsekwinsjes binne. Mefrou Veldstra (FNP): Yn Boarnsterhim wie der in stêdebân mei in gemeente yn Tsjechië. It CDA woe net mear in lid yn dy kommisje hawwe. It fernuvert har dan ek dat it CDA mei dit plan komt, want dy oare kommisje stribbe lyksoartige doelen nei. It eigen hûs is net op oarder. Hoefolle kostet it? Yn Tytsjerksteradiel nimt men bygelyks in fêste meiwurker yn tsjinst (kosten 30.000 euro). As men milenniumgemeente wêze wol dan moat der in belied ûnder lizze en dat sil dan ek kosten mei him meibringe. Is Ljouwert ek milenniumge meente? Hoe wol men de wrâldwinkels stypje? Wat foar foarstelling hat it CDA by it ynstellen fan in klankboerdgroep? De hear Bouma (VVD): De doelen binne op himsels sympatyk, mar moat Boarnsterhim op dit stuit har dêrmei ynlitte? Hoe sit it mei de kosten? Foar it opstellen fan belied hat men amtlike ynset nedich. De VVD is tsjin it opnimmen fan mear regels. En as men it tsjin de beslisbeam ôfset, dan hat it neffens him gjin kans. De hear Vellinga (PvdA): Elkenien wol de earmoede de wrâld wol úthelpe. It binne nobele doelen, mar wat moat men no krekt dwaan? Kostet it echt neat? Duorsum ynkeapjen is meastentiids djoerder. Boppedat wurdt men ynkoarten dêrta al ferplichte. Soe it CDA de duorsumheid/it miljeu ek tsjinje wolle troch it tastean fan it bouwen fan wynmünen en it ferplichtsjen fan duorsum bouwen by nije bouprojekten? len en oar sil earst fierder útwurke wurde moatte foardat de PvdA in beslút nimme kin. De hear Zijlstra (CDA): De measte duorsume ynkeapprodukten binne dus djoerder. Dus net alles? De hear Vellinga (PvdA): Dat klopt. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 23