De hear Hemminga (GB): GB hat neat tsjin op de milenniumdoelen. Hy wiist yn dat ramt ek op prachtige inisjativen as Oikokredit en Aqua for All. Men moat der wol wat foar dwaan en net al- linne oan geveltsjepolityk dwaan. Der sil dan ek jild beskikber steld wurde moatte en dat is foar Boarnsterhim in probleem op dit stuit. De hear Looijenga (CDA): Hy wit net hoelang oft it lyn wie mei de wurkgroep dy't bannen hat mei Tsjechië. Hy is ree om dêr die) oan te hawwen. De measte milenniumgemeenten hawwe gjin aparte amtner. Mefrou Veldstra (FNP): Hoe wol men it belied dan stâl jaan? De hear Looijenga (CDA): Der is no ek al in amtner foar de ynkeap. Der moat fansels in belied ûnder sitte. De duorsume ynkeap is 5% djoerder, mar troch gearwurking mei Ljouwert kin men ek wer jild fertsjinje. Yn 2010 is men ferplichte om duorsum yn te keapjen en Boarnsterhim kin pro- aktyf te wurk gean. De hear Van der Sluis (VVD): Wol de hear Looijenga troch mienskiplike ynkeap de 5% der dan foar de produsint ôfhelje? De hear Looijenga (CDA): Troch gruttere ynkeap kin men meastentiids foardieliger ynkeapje. Men kin de kosten fan it apparaat dan ek diele. Hy wiist derop dat men yn 2010 duorsum ynkeapje moat. Mefrou Dekker (PvdA): De ried wol eksakt witte wat de gemeente as miienniumgemeente bydra- ge kin sûnder dat it jild kostet. De hear Bouma (VVD): Wat docht de gemeente dan no al? De hear Hemminga (GB): Allinne duorsum ynkeapje soe neffens de hear Looijenga al genôch we- ze. Mar dêr hoecht men gjin miienniumgemeente foar te wêzen. De hear Looijenga (CDA): Hy wol yndied net oan symboalpolityk dwaan. Men wol in sinjaal ôf- jaan en men kin mei de jeugd begjinne en by maatskiplike ynstellingen terjochte. De gemeente kin dêrby it foartou nimme. Mefrou Dekker (PvdA): Dy bewustwording fynt neffens har op skoalle no ek al plak. De hear Seldenrust (FNP): Wa stjoert de minsken dêrmei op paad, wa skriuwt de lesbrieven? It bliuwt foar him hingjen op it tekoart oan eigen kapitaal. De hear Looijenga (CDA): De gemeente hat gjin jild, mar men kin it op de website sette en yn Op 'e Hichte en yn de Midfrieslander ûnder de oandacht bringe. Al dy saken kostje neat. Hy soe him seis wol mei de lesbrieven dwaande hâlde wolle. Men moat as gemeente pro-aktyf hannelje. Hy freget de ried as men earst noch in fierdere útwurking hawwe wol. De hear Seldenrust (FNP): Is de amtlike organisaasje har der al fan bewust? Wethâlder Van der Meulen: Dy is op 'e hichte fan de wetjouwing. Men hat noch tiid om jin oan de takomstige ferplichtings oan te passen. It it ek wichtich dat men op dit punt by Ljouwert oan- heakje kin. Mei bepaalde saken lykas as FSC-hout hâldt men al rekken. Der is lykwols noch gjin konkreet belied oer duorsumheid. As men dat al oppakke wol dan sil dat seker kosten mei him meibringe. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 24